Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006511

Een sage (mondeling), donderdag 07 juli 1966

Hoofdtekst

Rixt, in dochter fan Sterke Hearke, tsjinne by in kastlein. Der siet in protte folk yn 'e kroech en it gong der op in houwen en slaen. De kastlein hie al in pear kearen warskôge, mar dat joech him neat.
Doe sei er: As jim net opjowe, rop ik de faem.
Doe gong it lûd op in laitsjen en sy rôpen: Lit dy mar komme!
De kastlein joech even lûd en dêr kom Rixt oan. "Wolst dy twa mannen der even út smite?" sei de kastlein.
"Dogge jo dan even de doar iepen?"
Rixt pakte de twa keardels en smiet se ta de doar út. De iene lei hjir, de oare dêr. Doe't se dêr in skoft lein hienen sei de kastlein: As jimme nou hwat bikom binne, kinne jim der wer yn komme.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Rixt, de dochter van Sterke Hearke, werkt in een druk café. Als er ruzie ontstaat roept de kastelein haar te hulp. Rixt pakt twee van de ruziemakers beet en gooit ze de deur uit. Als ze bijgekomen zijn mogen ze er weer naar binnen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 65, verhaal 11

Commentaar

7 juli 1966
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Rixt    Rixt   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21