Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006703

Een sage (mondeling), dinsdag 12 juli 1966

Hoofdtekst

Harm Schievink hie in kammeraet yn de Ham wenjen.
Dy kammeraet syn beppe leefde ek noch, dêr wenne hy by. Sy gongen faek togearre de Ham yn. Op in kear kom Harm wer by syn kammeraet. Doe sei dy: "Ik sil dy hwat nijs fortelle. Us beppe hat in protte poppen. Dy hat se op in leech bêd. As ik net thús bin, skript se der mei om. Astû joun by my komste kinstû 't ek sjen troch 't kier fan in blyn. As ik dan even lûd jow, wytstû noait, hoe gau as hja dy poppen oan kant hat."
Harm woe 't wolris sjen.
De beide jonges seinen tsjin 't âld minske, dat se der even útgongen. Mar sy gongen foar 't glês stean. 't Ald-minske harke earst even. Doe krige se de poppen. De jonges koenen alles sjen. Sy stuts mei spjelden yn dy poppen.
Dat gebeurde hiel hurd.
De jonges gongen de Ham yn. Doe't se werom kommen en wer even troch 't kier seagen, stuts se noch mei in spjelde yn 'e poppen om. Doe joech Harm even lûd.
Yn in omsjoch hie 't âldminske doe it poppespul wer oan kant. (Dit fortelde âlde Harm Schievink)

Onderwerp

SINSAG 0531 - Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.    SINSAG 0531 - Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.   

Beschrijving

Een vriend van Harm Schievink woont bij zijn oma in de Ham. Oma heeft een grote pop. Als er niemand thuis is, heeft ze het er druk mee. Op een keer staan de jongens te gluren, oma pakt de pop en steekt er met kracht spelden in. Ze gaan weg en komen later terug. Oma staat dan nog spelden in de pop te steken. Harm hoest luid. In een ommezien heeft de oude vrouw het poppenspul aan de kant.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 67, verhaal 3

Commentaar

12 juli 1966
Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt

Naam Overig in Tekst

Harm Schievink    Harm Schievink   

Naam Locatie in Tekst

de Ham    de Ham   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21