Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006809

Een mop (mondeling), juli 1966

Hoofdtekst

Der wie in lânhearre, dy wenne yn 'e stêd. Hy wie us in kear by syn boer to jimmetiten. Sy krigen hazze. De boer hie dy hazze sels sketten. De lânhearre gong to gast en sei tsjin 'e boer: "Jonge, sa'n hazke moesten jo my oars ek us bringe."
"Dat komt klear", antwurde de boer. En in wykofhwat letter krige er ien foar 't gewear. Hy treau de hazze yn 'e sek en sei tsjin syn jonge: "Bring dû dy hazze nei stêd ta nei de lânhearre."
It wie in glûpend ein nei stêd ta. Underweis krige de jonge toarst. By in plat húske frege er oft er wol hwat wetter ha mocht to drinken. Dêr stienen twa jonges, en dy fortelde er, dat er mei in hazze op stap wie.
"Us mem hat noch wol in bakje kofje foar dy," seinen se, "gean mar yn 'e hûs."
Dat died er. Mar de beide knapen hellen gau de hazze út 'e sek en treauen der in kat wer yn.
Doe't de jonge de kofje troch 't kielsgat hie, reizge er fierder mei syn sek oer 't skouder.
Op 't lêst stied er op 'e stûpe fan 'e lânhearre syn hûs. De man die sels iepen.
"Hjir wie in presintsje fan heit", sei de jonge.
"Jo hienen lêsten sa lekker by ús iten. Nou kinne jo noch mar ris wer to gast gean."
De lânhearre makke de sek iepen, mar o, hwat seach er prot, doe't dêr in kat foar 't ljocht kom ynpleats fan in hazze.
"Jimme heit hat my foar 't soaltsje", sei er.
"Om 'e deale net", sei de jonge, alhiel fan 'e wize.
"It wiè in hazze, doe't ik fan hûs gong. Hoe kin it nou in kat woarn wêze?"
"It kin my neat skele," sei de hear nidich, "mar dû bringst dizze kat mar wer by jimme heit. Katten ha 'k sèls wol."
Doe't de jonge by it platte húske kom, fortelde er syn wederwaerdichheden dêr. De beide soannen ruilen wylst tomûk de kat wer mei de hazze om.
Doe't de jonge thúskom, en hy syn heit alles forteld hie, siet der in hazze yn 'e sek.
Doe fortroude de jonge syn eigen eagen net.

Beschrijving

Een boerenzoon moet van zijn vader een geschoten haas in een zak naar de landheer in de stad brengen. Onderweg krijgt de jongen dorst en bij een huisje krijgt hij te drinken. Intussen verwisselen twee jongens de haas voor een kat. Bij aankomst in de stad is de landheer boos en hij stuurt de jongen terug met de kat. Hij stopt weer bij het huisje en de jongens verwisselen nogmaals de inhoud van de zak. Als de jongen thuis komt en de haas in de zak ziet, gelooft hij zijn eigen ogen niet.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 68, verhaal 9

Commentaar

juli 1966 ?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21