Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006901

Een mop (mondeling), dinsdag 19 juli 1966

Hoofdtekst

Der wie in dûmny, dy slachte alle jierren in baerch. Mar hy hie gâns famylje. Dizze krige in stikje fan 'e baerch en dy, en sa wienen der hiel hwat. Dat foar him en it wiif bleau der yn de regel net iens sa hiel folle oer. Dêrom sei er tsjin 't wiif: "Wytste hwat? Ik jow dit jier de baerch net oan. Ik siz tjin 'e famylje, dat ik net slachte ha."
Hy gong nei de skoalmaster. Dy wenne njonken him. Dy koe omraek slachtsje. Dy skoalmaster naem er yn fortrouwen. Dy biloofde him, hy soe de baerch foar him slachtsje.
Mar by de skoalmaster hienen se it neat to rûm. De man fortsjinne net in grou traktemint en der wienen gâns mûlen, dy elke dei sêd moesten. It wienen der allegear jonges yn 't opwaechsen, dat hy koe skoan in stikje spek brûke. Dêrom sei er tsjin 't wiif: "Ik ha by mysels tocht, wy matte dizze baerch mar hâlde. Ik slachtsje him en siz tsjin dûmny dat se him my ûntstellen ha."
"Doarst dat wol to weagjen?" frege it wiif. "Soe dêr gjin dalje op komme?"
Master hie dêr gjin noed mei. Doe't er de baerch slachte hie, stoppe er him wei en tsjin dûmny sei er, dat se him de baerch ûntstellen hienen.
De dûmny seach sneu, mar it kom net yn him op, dat master it wol us lige koe. Mar syn skoanmem biseach de saek oars. Dy wenne by de dûmny yn. Dat wie in útslepten rôt. Dy sei: "Hwat ik dy brom, master hat dy baerch sels achterút knoffele en oars net ien."
Dat wie dûmny to mâl. Hy sei: "Minske hâld jo gau stil. Us leaven Hear kin jo wolris straffe mei dy wurden yn 'e mûle."
Mar skoanmem liet it der net by sitte. Sy sei: "Hjir stiet in greate kiste op 'e souder, dêr krûp ik yn. Dû makkest in pear gatsjes yn 't lid, dat ik goed sykhelje kin en dan bringste dy kiste by master. Dû seist mar dat wy útfanhûzers krigen ha en nou net genôch rûmte ha en as dy kiste wol ien nacht by him stean kin. Dan kin ik hearre, hwat se dêr biprate."
Dat like dûmny net sa min ta. Skoanmem kroep yn 'e kiste en krige in woarst mei ta flaubyt. Doe makke er de kiste fêst en sa bidarre dy by master yn 'e gong.
Mastersfrou hie in panfol spek oer en dat prottele en sea dat it hwat die. "Mem," sei ien fan 'e jonges, "hwat prottelt dat spek." "Stil," sei in oaren, "dat komt omdat it stellen is."
Dûmny syn skoanmem wie net in makken-ien.
Dat doe't se dat hearde koe se har net stilhâlde en sy bigoun to skellen fan 'dief'. De jonges, dy't dat hearden, setten gau mei dat nijs nei master ta. Der lei ien yn 'e kiste, seinen se.
Master bruts de kiste iepen. It âld wiif seach him mei in pear gleone egen oan.
Mar Master weve der gau mei ôf. Hy sei tsjin 't minske: "Ik ha dy hjir dea krige, dû giest ek dea wer fuort." En hy krige de woarst dy't njonken har lei en treau har dy in ein yn 'e hals op, dat hja smoarde. Doe died er it lid wer op 'e kiste.
De oare moarns helle dûmny de kiste wer op. Hy makke him thús iepen. Doe foun er it minske dea, mei de woarst yn 'e mûle. It earste hwat er sei wie: "Ha 'k it net sein? Us leaven Hear kin jo wol straffe mei dy wurden yn 'e mûle, mar hy hat jo straft mei in woarst yn 'e mûle."
Mar hy wie mei 't gefal oan. Hwer moest er mei 't lyk hinne? Hy frege master om rie en dy sei, hy soe der wol mei rêdde.
Master die 't lyk yn in sek en smiet dy oer 't skouder. Sa roan er de bosk yn. 't Wie joun en al skimerich.
Der wienen krekt in pear dieven yn 'e bosk. Dy hienen krekt hwat bút makke, dat hienen se yn in sek. Master gong achter in beam stean, mar doe't de dieven him seagen, tochten se, dat it de plysje wie en sy makken gau dat se fuortkommen. De sek mei it stellene guod lieten se achter.
Master rint op 'e sek ta en sjocht der yn. It is allegearre spul fan waerde. Hy tinkt: Dy ruil kin wol út, dat hy set de sek mei 't âld-minske der yn op 'e groun en nimt de oare mei nei hûs ta.
Mar de dieven helje even letter har sek wer op. Sy ha hielendal net yn 'e gaten, dat dêr in lyk yn sit.
Doe't se in eintsje roan hienen, lei dêr in dronken keardel oan 'e kant fan 'e wei. Njonken him lei in ûnbidich greaten komfer, fol mei moai guod, dêr't dy keardel mei sutele. Dy keardel lei dêr to sliepen. Ien fan 'e dieven sei: "Dat guod kin der noch wol by yn 'e sek." Dat hy makke de sek iepen, mar doe woarde er it âld wiif gewaer.
Doe bitochten se har net lang. Sy dienen it guod út 'e koffer wei en dienen doe it âld minske der yn. It guod laedden se yn 'e sek oer. En sa gongen se fierder.
Mar de dronken keardel woarde de oare moarns wekker. Hy hie in gat yn 'e dei slept. Moai hastich nom er syn komfer fan 'e groun en doe gong er nei it doarp ta, dat it tichtsteby wie.
Dêr gong er nei 't earste it bêste hûs ta. Dat wie krekt it hûs, dêr't master yn wenne.
Hy frege de frou as se ek hwat noadich wie.
"Lit mar us sjen", sei se.
Hy die de koffer iepen.
Allebeide woarden se krekt like kjel, doe't dêr it deade âlde minske yn lei.
Mar de sutelder makke gau dat er fan it hiem ôf kom, en sa rekke dus it lyk wer by master.

Onderwerp

AT 1792 - The Stingy Parson and the Slaughtered Pig    AT 1792 - The Stingy Parson and the Slaughtered Pig   

ATU 1792    ATU 1792   

Beschrijving

Een dominee wil in het geheim een varken slachten om het voor zichzelf te kunnen houden. De schoolmeester doet dat voor hem, maar hij vertelt de domine dat het varken gestolen is. De schoonmoeder van de dominee gelooft dat niet en laat zich met een worst tegen de honger in een kist bij de meester brengen om te kunnen horen wat er gezegd wordt. Als ze de schoolmeestersvrouw hoort zeggen dat het spek pruttelt omdat het gestolen is, begint de schoonmoeder in de kist 'dief' te schreeuwen. De meester opent de kist, wurgt de vrouw met de worst en sluit de kist weer. De dominee haalt de kist weer op, vindt de dode vrouw en denkt dat het een straf van God is. Hij vraagt de meester om raad. De meester gaat met het lijk in een zak het bos in, betrapt daar dieven die een zak met goud achterlaten, en verwisselt de zakken. De dieven halen de achtergelaten zak op. Ze vinden een slapende dronken venter met een koffer vol goud langs de kant van de weg, willen de inhoud van de koffer in de zak doen, en ontdekken het lijk. Ze stoppen het lijk in de koffer en het geld in de zak. De venter zet zijn tocht voort, en belt aan bij het eerste de beste huis. Het is het huis van de meester. Hij opent de koffer om zijn koopwaar te tonen en rent van angst hard weg.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 69, verhaal 1

Commentaar

19 juli 1966
The Stingy Parson and the Slaughtered Pig

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21