Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006902

Een mop (mondeling), dinsdag 19 juli 1966

Hoofdtekst

Der leinen yn in sikesael ergens allegearre swiere pasjinten. De dokters koenen har net better meitsje. Sy loofden in stik jild út oan deselde dy't har geneze koe.
Doe kom dêr in dokter, dy biwearde, dat er al dy sike minsken better krije koe. Hy makke in akkoart mei de oare dokters en soe it jild barre as de sael leech wie.
Doe gong dy man hinne en lei in great fjûr oan yn 'e sael. Doe sei er tsjin 'e pasjinten: "Nou mat ik jimme fan 'e middei allegearre forbrânne. Mar dy't der sin oan hat, mei earst noch wol in kuijerke meitsje. As jimme my mar bilove, dat jimme weromkomme. Deselden dy't op bêd bliuwe, sille it earst forbrând wurde.
Dit hie fan gefolgen dat alle bêden yn in omsjoch leech rekken. Hast allegear tagelyk forlieten se de sael. Guon koenen net rinne, dy moesten krûpe. Mar der wie net ien dy't yn 'e sael bleau.
En der kom ek net ien werom.
Dat, doe't de middeis de oare hearen kommen om to sjen, hoe fier de dokter mei syn pasjinten wie, founen se de hiele sael leech. Allinne de dokter wie der noch.
"Hoe sit dit sa?" fregen se tige nijsgjirrich.
"Ik ha se allegear genezen," sei er, "se binne nou soun en wol thús."
Doe barde hy it stik jild, dat se útloofd hienen.

Onderwerp

AT 1635* - Eulenspiegel's Tricks    AT 1635* - Eulenspiegel's Tricks   

ATU 1635*    ATU 1635*   

Beschrijving

Op een ziekenzaal liggen zwaar zieke patienten. Niemand kan hen genezen. De dokters loven geld uit aan wie hen kan genezen. Een dokter neemt de uitdaging aan. Hij legt een vuur aan in de zaal en zegt zegt tegen de zieken dat hij hen allemaal moet verbranden, maar dat ze eerst nog even een eindje om mogen lopen. In een ommezien is de zaal leeg. Hij verklaart hen allemaal genezen en beurt het geld.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 69, verhaal 2

Commentaar

19 juli 1966
Bij Van der Kooi meer specifiek: Eulenspiegel's Tricks 3: Ongeneeslijk zieke patiënten genezen.
Eulenspiegel's Tricks

Naam Overig in Tekst

[Uilenspiegel]    [Uilenspiegel]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21