Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ007614 - Teltsje fan in feint dy't net liichde.

Een mop (mondeling), zaterdag 21 mei 1966

Hoofdtekst

Teltsje fan in feint dy't net liichde.
Der wienen twa boeren, dy wennen njonken elkoar. Ien fan dy boeren hie in feint. De boer pochte wakker fan dy feint en sei tsjin syn buorman: "Dy feint forlycht my net." Dat woe dy oare boer samar net leauwe. Hy sei dan moatte wy dêr mar ris om wedzje. Doe wedden se om in grou stik jild.
De boer, dêr't de feint by wenne hie in keppel skiep en in swarte raem. Syn buorman bipraette de feint om de raem to forkeapjen, en dy die dat.
Sjesa, tocht de buorman, nou haw 'k de weddenskip al woun. Hy gong nei de oare boer ta en sei: "Jou feint mat de keppel skiep mar ris telle, dan kin hy sizze, hoefolle der binne."
De feint woarde der op útstjûrd. Hy telde de skiep. Mar de swarte raem wie der fansels net mear by. Hoe moast er dat nou ha? Hy smiet syn pet oer in pealtsje en dat died er trije kear. Doe wist er hwat er sizze moest, as de boer der nei frege: Forkocht.
Hy kaem thús.
Wel, frege de boer, hoefolle skiep binne der?
120, sei de feint.
De swarte raem, wie die der ek?
Forkocht, sei de feint.
Doe seach de oare boer sneu. Dêr hied er net op rekkene. Dy hie tocht, dat er dat net sizze doarst.
Hy hie de weddenskip forlern en rekke in grou stik jild kwyt.
(Dit teltsje fortelde ús heit ús as wy as bern meiïnoar soms reapdraeije moesten)

Beschrijving

Een boer schept tegen zijn buurman op dat zijn knecht hem niet zal voorliegen. Ze wedden. De buurman zet de knecht ertoe aan de zwarte ram van zijn baas te verkopen. De knecht doet dat. De buurman denkt de weddenschap al gewonnen te hebben en stelt de boer voor dat de knecht het vee maar eens moet tellen. De knecht vindt er wat op: na telling zijn er 120 schapen en de ram is verkocht. Zo heeft hij niet gelogen en de buurman verliest de weddenschap.
(Verhaaltje verteld door de vader van de verteller oder het touwdraaien)

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 76, verhaal 14

Commentaar

21 mei 1966

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21