Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ009113

Een sage (mondeling), donderdag 18 augustus 1966

Hoofdtekst

Twa jongens hienen de godgânske dei omswalke. Hja wienen warch en kamen by in buorkerij. Se fregen de boer of se dêr oernachtsje mochten. De boer makke gjin biswier, mar hy warskôge har, it wie in spoekhûs, dêr 't se yn tolânne kaem wienen.
"Jimme meije allinne mar antwurdzje, as ik jimme hwat freegje, oars net ien, forstien?'
De jongens wienen bliid, dat se ûnderdak krije koenen en namen alles foar leaf en sy biloofden de boer, dat se him allinne mar antwurdzje soenen.
Hja sitten dêr in skoftsje, du gong de boer de leider op.
"Meije jimme noch brij, jongens?"
De jonges seinen neat, hoewol it wetter roan har om 'e tosken, sa 'n sin hienen se der oan.
"De boer freget it jimme," woarde der achteroan sein.
Doe doarsten de jonges biskie to jaen en foelen der opoan as hongerige wolven.
Doe 't se de brij bihimmele hienen, woarde der wer frege: "Meij jimme nòch wolhwat brij?"
"Jawol", seinen se beide tagelyk.
Mar doe woarden se sa bot ôfseame, dat se wienen beide alhiel sangeneblau. De beide knapen ha doe hurd makke dat se fuort kommen.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Twee jongens krijgen bij een boer onderdak in een spookhuis. Ze worden gewaarschuwd dat ze alleen antwoord mogen geven als de boer iets vraagt. Even later vraagt de boer of de jongen brij willen. Ze durven niet te antwoorden en er klinkt een stem: de boer vraagt jullie iets. Dan geven ze antwoord. Vervolgens klinkt de stem weer met de vraag of ze nog meer willen. Zonder nadenken antwoordden de jongens meteen: ja. Dan worden ze door het spook mishandeld en ze vluchten.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 91, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

18 augustus 1966
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21