Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ009610

Een mop (mondeling), maandag 28 februari 1966

Hoofdtekst

Der wie in hear, dy hie in feint, dêr krige er spul mei.
Hy sei tsjin dy feint, hy mocht net in foet wer sette op syn gerjochtichheid. De feint woarde dus fuortjage. Dêr hie dy feint bot spyt fan, hwant hy hie dêr in pûrbêst plak. En it spiet de hear eins ek, hwant dy wie in earlike, trouwe feint kwyt. Mar hy hie it nou ienkear sein.
Mar doe gong de feint hinne, dy kocht in âld hynder en in âld wein en in fracht modder. Dy modder laedde er op 'e wein en sa ried er nei 't slot ta, dêr't de hear wenne. Flak foar de doar smiet er de modder del. Dêr gong er op stean en sa skelle er oan.
De hear seach lulk. "Hwat ha wy nou? Haw ik dy net sein, datstû net wer op myn groun stean mochste?"
"Dat ha jo sein, mynhear, en dêrom ha 'k dat ek net dien. Ik stean hjir op eigen groun." En doe lei er de saek út.
Doe bigong de hear to laitsjen en 't gefolch wie dat de feint wer by him yn tsjinst kom.

Onderwerp

AT 1590 - The Tresspasser's Defence    AT 1590 - The Tresspasser's Defence   

ATU 1590    ATU 1590   

Beschrijving

Er was eens een heer, die mot kreeg met zijn knecht. De heer gaf de knecht te kennen dat hij kon vertrekken en dat hij het niet in zijn hoofd moest halen ooit nog een stap op zijn grondgebied te zetten. Ze vonden het allebei ook wel jammer, maar het was nou eenmaal zo besloten. De knecht vertrok en kocht een paard, een wagen en een hoop modder. Hij laadde de modder op de wagen en smeet die bij zijn oude heer voor de deur neer. Toen belde hij aan en ging bovenop de modderhoop staan. De heer werd woedend en herinnerde de knecht aan het zojuist opgelegde verbod. De knecht gaf de heer te kennen dat hij nu 'op zijn eigen grond' stond. Hierop barstte de heer in lachen uit en nam de knecht weer terug in dienst.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 96, verhaal 10 (archief MI)

Commentaar

28 februari 1966
The Tresspasser's Defence

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21