Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ010506

Een sage (mondeling), zaterdag 27 augustus 1966

Hoofdtekst

Op 'e Feanster Heide lei in man yn 'e nacht op bêd, doe hearde hy ynienen dat der bûtendoar hwat tsjin it kezyn oan skaefde. Hy fan it bêd ôf en nei bûten, mar der wie neat to sjen. Hy joech him wer del.
In skoftsje letter waerd der bûtendoar hwat del set dat fan hout wie en der waerd ek hwat boven op goaid. Wer gong de man der op ôf om to sjen, mar ek dizze kear koed er neat gewaer wurde.
Twa wiken letter kaem syn jonge to forstjerren. Doe men de kiste ta de hûs útsjoude, skaefde dy tsjin it kezyn oan. It wie itselde lûd dat de heit in fjirtsjin dagen tofoaren yn 'e nacht heard hie.
Op it tsjerkhôf, dêr't se de bier delsetten, dêr't de draechstokken bovenop lein waerden, hearde hy de oare lûden. Tusken dy lûden wie itselde tiidsforrin as yn 'e nacht.






Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Op de Feanster Heide hoorde een man op een nacht iets tegen het kozijn aanschaven. Toen hij buiten niets zag, ging hij weer terug zijn bed in. Even later werd er buiten iets van hout neergezet, en daar iets boven op gegooid. Opnieuw ging de man kijken, maar ook deze keer zag hij niets. Twee weken later stierf zijn zoon. Toen de kist het huis uit werd gedragen, schaafde hij tegen het kozijn aan. Het was hetzelfde geluid als veertien dagen geleden. Op het kerkhof, waar de lijkbaar neergezet werd, en de draagstokken erbovenop gegooid werden, hoorde de vader de andere geluiden. Tussen de geluiden was hetzelfde tijdsverloop als in die nacht.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 105, verhaal 6

Commentaar

27 augustus 1966
Andere Todesvorzeichen.

Naam Overig in Tekst

Feanster Heide    Feanster Heide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21