Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ010619

Een sage (mondeling), zaterdag 10 september 1966

Hoofdtekst

Ien fan dy beide froulju hat âlde Ritske Ale syn jonge yndertiid bitsjoend. Doe kaem Ale by ús mem om ried. Mem sei: "De pisse fan 't jonkje matte jimme heine en dat op 't fjûr sette mei spjelden der yn. En dan alles goed ticht meitsje en de doarren fêst. Dat dienen se dy jouns.
Mar doe kaem datselde frommes dy't it bern bitsjoend hie, by de doar. Mar sy koe der net ynkomme. Alles siet ticht. Jantsje, Ritske syn dochter stie oan 'e binnenkant fan 'e doar. "Och Jantsje," rôp de tsjoenster, "lit my der yn, lit my der yn. Oars kom ik der altyd yn."
"Né," sei Jantsje, "jo komme der net yn."
Doe sei se: "Och Heare, och Heare, lit der my yn, hwant oars gean ik dea."
Doe liet Jantsje har der yn en doe sei de tsjoenster: "De jonge sìl better wurde." En hy is èk better woarn. Hy woarde boer op 'e Kompenije.
(Boardzer Thomas Bruining b.1882 yn Stiensgea. Hat fan alles dien: mei flesse mei skip der yn by de doarren lâns, mei keal mei twa koppen, nijjierwinske, handele, mollen fange, lieder fan feesten, mar meast die er neat. keapman yn fodden, lead, âld izer, sûnt 1884 yn B'loane. hat wer yn Houtigehage wenne sûnt 1901 yn B'loane. Heit b. yn B'loane , mem b. yn B'loane.)






Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Twee zusters waren allebei tovenaarster. Een van hen had een jongetje betoverd. Een vrouw gaf de ouders raad. Ze zei dat ze de pis van de jongen op het vuur moesten zetten, met spelden erin. En dan goed alle deuren en ramen dichtdoen. Toen kwam de vrouw die het kind had betoverd aan de deur. Ze vroeg het dochtertje de deur open te doen, maar deze weigerde. De vrouw smeekte om binnen gelaten te worden, ze zei anders dood te gaan. Het meisje liet haar toen binnen en de vrouw beloofde dat de jongen beter zou worden. En hij is inderdaad beter geworden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 106, verhaal 19

Commentaar

10 september 1966
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Ritske Ale    Ritske Ale   

Jantsje Ale    Jantsje Ale   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21