Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ010802

Een sage (mondeling), vrijdag 16 september 1966

Hoofdtekst

It is us in kear gebeurd, dan kaem ik thús fan 'e klaei. Dêr hie 'k oan 't wurk west. 't Wie sahwat ien ûre yn 'e nacht. De finsters fan ús hûs stienen heech opskoud en de gerdinen waeiden der troch hinne nei bûten ta. Ik seach ûnder 't finster troch. Der stie iten foar my op 'e kachel. Doe gong ik der yn en ik bigong to iten.
Doe seach ik in lyts deafet oer de flier stean. Dêrnei gong 'k op bêd.
De oare moarns sei 'k: "Hea, nou binne de finsters wer del."
"Hoe dàt sa?" frege mem. Mar dêr hie 'k my hast forpraet, hwant ik woe net ha dat mem wite soe dat der mei koartens in deaden komme soe. Dêrom sei 'k : "Ik ha droomd."
In goed healjier letter rekke myn jongste suster oan 't sukkeljen.
Ik kaem wer us op in joun thús en doe seach ik itselde deafet bûtendoar by de muorre stean.
Al ridlik gau dêrnei kaem it bern to forstjerren.
Yn 'e hûs kaem it kistke op itselde plak to stean, dêr't ik it sjoen hie. Doe't it lyk nei bûten droegen waerd, roan ik it hurd achternei. En ja, hja setten it by de muorre del.
Doe't heit my even letter forwiet, dat ik sa hurd nei bûten stoud wie, en dat op in bigraffenis, lei ik him it gefal út.

Onderwerp

SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen    SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   

Beschrijving

Als een jongen 's nachts thuiskomt van zijn werk, ziet hij dat de ramen van het huis open staan. Als hij naar binnen gaat, staat er een klein doodskistje op de grond. Als zijn zusje gaat sukkelen met haar gezondheid, ziet hij het kistje weer. Het staat nu buiten tegen de muur. Als het zusje overlijdt, staat het kistje binnen op dezelfde plek waar de jongen het voor het eerst gezien heeft. Als het lijk naar buiten gedragen wordt, rent hij er hard achterna. Het kistje komt op dezelfde plek bij de muur te staan die hij gezien heeft.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 108, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

16 september 1966
Der Sarg gesehen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21