Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011116

Een sage (mondeling), zaterdag 06 augustus 1966

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy soe nei stêd ta. It wie wintermoarn en noch tsjuster.
"Ik sil dy in pear spekbroggen rémeitsje foar ûnderweis", sei it wiif. En hja nei boven ta, nei it spekhok. Hja snijt en snijt, mar kin der mei gjin mooglikheit in stik ôf krije.
Hja komt wer by har man en seit: "It spek is sa taei en sa hurd, it wol alhiel net snije."
"Dat liket raer", sei de boer. "Dan mat ik mar ris hinne." Hy nom in skynfet mei. Mar hwat er doe seach, dêr woarde er danige kjel fan. Der hong in keardel yn 't spekhok mei greate learzens oan. Dêr hie de boerinne yn omfike.
De boer en de boerinne wienen alhiel fan 'e wize en wisten net, hoe't se hjirmei oan moesten.
Op it lêst sei de boer: "Ik wyt hwat."
Hy hie in hynder, dat wie blyn. Dêr boun er it lyk boven op. En dat hynder stjûrde er de wei út. Dat hynder kom yn in stêd en dêr gong it nei de merk ta. Dêr hie in joad in útstalling fan potten en pannen en oar diggelguod. It hynder roan der lyk op ta. Hoe't de joad ek ketterminte, it dier steurde him dêr net oan en wâdde der troch hinne mei syn poaten. Alles rekke yn diggels.
De joad wie opsternaet en joech it lyk, dat boven op it hynder siet, sa'n lawibes, dat it der ôf foel.
Dêr lei de keardel dea op it plein. Net ien oars as de joad woarde foar de moardner oansjoen. Dy hie him deaslein, seinen se en sa gebeurde it dat de joad achter de traljes kom.



Beschrijving

Een boerin wilde voor haar man een boterham met spek maken. Maar boven in het spekhok kon ze met geen mogelijkheid een stuk van het spek snijden. Toen haar man ging kijken hoe dat kwam, zag hij een kerel met grote laarzen in het hok hangen. Ze wisten niet wat te doen. Toen bonden ze het lijk maar op een paard, en stuurden het paard de straat uit. Het paard kwam in de stad en ging naar de markt toe. Daar had een Jood een uitstalling met potten en pannen en ander aardewerk. Het paard kwam boven op de spullen terecht en alles viel kapot. De Jood werd toen zo boos dat hij het lijk een oplawaai gaf, waardoor het van het paard afviel. Daar lag de man dood op het plein. De Jood werd voor de moordenaar aangezien, en zo gebeurde het dat hij achter de tralies kwam.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 111, verhaal 16

Commentaar

6 augustus 1966

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21