Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011222

Een sage (mondeling), zaterdag 01 oktober 1966

Hoofdtekst

Der stie ergens in kastiel, dêr koe noait ien ynkomme. Der moest in protte jild yn sitte. Der wienen trije fearten om dat kastiel hinne. Oer elke feart lei in houtsje. Dêr moesten se oerhinne om yn dat kastiel to kommen. Mar dat doarst net ien, hwant op elk fan dy houtsjes siet in raer ding.
Doe wie der ris in feint, dy sei: "Ik weagje it." Hy nom in peal mei.
Doe kom er by 't earste houtsje. Dêr siet dat rare ding.
De feint sei: "As ik hou, dan hou ik op né." Doe houde er. "Dat is ien", sei it ding. Doe koe de feint oer 't earste houtsje.
Doe kom er by it twadde. Dêr siet ek in raer ding. De feint sei wer: "As ik hou, dan hou ik op né." Doe houde er. "Dat is twa", sei it ding. Doe koe de feint oer 't twadde houtsje.
Doe kom er by 't trêdde. Dêr siet ek in raer ding.
De feint sei: "As ik hou, dan hou ik op né." Doe houde er.
"Dat is trije", sei it ding. Doe koe de feint oer it trêdde houtsje. Sa kom er yn it kastiel. Alles hwat dêr yn siet, wie foar him. Hy wie samar ynienen smoarryk.




Beschrijving

Ergens stond een kasteel, waar nooit iemand kon inkomen. Binnen zou er veel geld liggen. Er waren drie grachten om dat kasteel heen, met elk een bruggetje. Maar niemand durfde eroverheen, want op elk bruggetje zat een raar ding. Toen was er eens een vent, die zei: "Ik waag het." Hij nam een paal mee. Na de nodige dreigementen en klappen kwam hij over de bruggetjes heen. Zo kwam hij in het kasteel. Alles wat binnen lag, was voor hem. Hij was zomaar ineens steenrijk.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 112, verhaal 22

Commentaar

1 oktober 1966

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21