Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011313

Een sage (mondeling), vrijdag 04 oktober 1996

Hoofdtekst

To Surhuzum is in âlde sânreed mei in fytspaedtsje der njonken: de Rysloane. Dat paed giet nei de Stroboskerfeart ta. Sahwat in heale kilometer fan Surhuzum ôf roan op dy sânreed midden yn 'e nacht altyd in dikke swarte houn. Dy spoeke dêr om.
Ûnderskate minsken ha him dêr sjoen. De lju wienen bang foar dy houn en stapten ôf as er op it fytspaed wie.
Hindrik Oldenburger biwearde dat er net bang wie. Hy sei: "Ik kom dêr alle snein-to-jounen to middernacht lâns. Ik sil dy houn by de beammen opskoppe, as ik him sjoch."
De sneins dêroan kom hy der wer lâns, tsjin tolve ûre. Doe seach er de houn foar him op it fytspaed. 't Wie in houn sa great as in skiep. De houn bleau stean. Hindrik stapte fan 'e fyts. Hy wie wyt om 'e holle. Hy bleau in hiel ein achter dy houn oan, wol 200 meter. Doe woarde de houn op 't lêst wei en doarst Hindrik der lâns.





Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Op een zandpad bij Surhuizum spookte een zwarte hond, die zo groot was als een schaap. Een man beweerde niet bang te zijn en hij zou die hond weleens schoppen. De zondag erop, tegen twaalf uur, zat de hond midden op het fietspad. De man heeft de hond achtervolgd tot hij weg was, zo'n 200 meter.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 113, verhaal 13

Commentaar

4 oktober 1996
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Hindrik Oldenburger    Hindrik Oldenburger   

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Surhuizum    Surhuizum   

Rysloane    Rysloane   

Strobos    Strobos   

Strboskerfeart    Strboskerfeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21