Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011314

Een sage (mondeling), vrijdag 04 oktober 1996

Hoofdtekst

In sekere Sake van der Kloet en syn wiif wennen op 'e Skieding oan 'e Fryske dyk. Dy beiden koenen och sa min mei elkoar. Doe't syn frou yn posysje wie, sloech er har mei de bolleskeppe. Doe sei de frou: "Noust' dat dien hast, hoopje ik dat God in teken oan it bern jowt, nou't ik yn posysje bin."
Doe krigen se in bern, dat wie gebucheld. (Alle oare bern wienen feardich) De jonge hiet fan Romke. Sake van der Kloet wie ek noch Jankontich. Op in saterdei sette er mei Romke nei in winkeltsje op 'e Skieding ta to boadskipjen.
Op 'e weromreis kom der hyltyd in grouwe houn by harren. Sy koenen trouwens net rjocht sjen of it wol in houn wie. Soms like it op in houn en soms net. It wie de kweade.
It jonkje sei: "Sjocht heit wol hwat?"
"Ja jonge, wy matte gau sjen, dat wy thús komme."
Sy klaeiden har thús út en doe gau op bêd. Mar doe't Sake goed en wol yn 't bêdsté lei en him oerstopje soe, siet dyselde houn by him op 't bêdsbuordtsje en dy wie der net wer wei gien.





Onderwerp

SINSAG 0883 - Teufel als Hund; hält Sünder Gesellschaft.    SINSAG 0883 - Teufel als Hund; hält Sünder Gesellschaft.   

Beschrijving

Toen een man zijn zwangere vrouw sloeg, zei ze te hopen dat God een teken aan het kindje zou geven. Op een keer werden de vader en zijn gebochelde dochtertje gevolgd door een zwarte hond. Thuisgekomen bleef de hond zelfs bij hem op het bedrandje zitten.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 113, verhaal 14

Commentaar

4 oktober 1996
Teufel als Hund; hält Sünder Gesellschaft.

Naam Overig in Tekst

Sake van der Kloet    Sake van der Kloet   

Skieding    Skieding   

Romke van der Kloet    Romke van der Kloet   

Naam Locatie in Tekst

Fryske dyk    Fryske dyk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21