Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011427

Een sage (mondeling), zaterdag 07 oktober 1967

Hoofdtekst

Ik kom wol us by in âlde wiersizter yn Ljouwert. Dat minske wie oan 'e duvel forkocht. Mar sy wist suver alles.
Doe't ik de earste kear by har kom, frege ik, of ik ek forkearing krije soe. Doe sei se: "Dû, dû hast ommers trije feinten tagelyk. Is dat noch net moai genôch?"
Ik skamme my bot, hwant hja hie gelyk.
In oare kear sei se tsjin my: "Aenst matte jo wachtsje foar de spoarbomen. Dan sil der in jonge man op jo takomme, dy't jo freegje sil, of jo mei him trouwe wolle. Mar jo krije him net."
Doe sei ik: "Dan is dat de duvel, tink."
It kom krekt út sa't se sei. Dy jonge fint en syn mem stienen by elkoar. Doe sei syn mem tsjin him: "Dy faem, dy't dêr stiet, dat liket my in geskikt wiif foar dy ta. Dy mast mar us freegje."
Hy die syn oansyk, mar ik wegere.
Letter ha 'k noch us by dy wiersizter west. Doe sei se: "Dû silst gau trouwe. It earste bern silst dea yn 'e earm ha. Mar binnen 't jier krijst wer in famke en dat bliuwt yn 't leven. Letter krijst noch twa famkes."
It is krekt sa útkom, ik tink der noch wol faek om.
Mar 't minske hat in rare útein hawn. Sy ha har ûnder 't kammenet foun mei de kop omdraeid. (Dat hie de duvel dien)






Beschrijving

Een vrouw kwam voorhet eerst bij een waarzegster, en vroeg of ze verkering zou krijgen. De waarzegster wees haar terecht, ze had er al drie! Een andere keer voorspelde de waarzegster dat ze bij de spoorbomen door een jongeman ten huwelijk gevraagd zou worden en dat ze zou weigeren. Ook later kwamen de voorspellingen over haar huwelijk en kinderen uit.
Ze is dood gevonden, met haar nek omgedraaid. Dat had de duivel gedaan, aan wie ze zich verkocht had.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 114, verhaal 27

Commentaar

7 oktober 1967

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21