Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011501

Een mop (mondeling), maandag 10 oktober 1966

Hoofdtekst

Der wenne in boerefeint by de boer. Op in kear sette de boerinne beantsjes op 'e tafel. Dêr moesten se it miel mei dwaen. De feint mocht gjin beantsjes. Hy forpofte it der fan to iten en hâldde de leppel omkeard yn 'e hân. Wylst sei er: "Stean op dy't mei wol", mar der bleau net in beantsje op 'e omkearde leppel lizzen.
It stie de boer min oan. "Dû kinst der noch wol us nei slikje matte", sei er.
Jierren letter wei 't ris yn 'e winter. 't Wie och sa'n krappe tiid. De feint wie troud en hie gjin wurk. Se hienen gjin iten, it wie allegear lijen. Dêrom gong er nei de boer ta, dêr't er earder yn tsjinst west hie.
Hy sei: "Boer, ha jo ek hwat foar ús to iten? Hwant wy ha neat yn 'e hûs. As wienen 't ek beantsjes."
Doe naem de boer him mei nei de skuorre ta. Dêr stie in greate bak fol beantsjes.
"Hâld de sek mar op", sei de boer. Dat die de feint. Mar doe hâldde de boer de skeppe omkeard yn 'e hân en sei: "Stean op, dy't wol."
Doe't de feint dy wurden hearde, bigong er to gûlen. It kom him yn 't sin dat er sels de leppel froeger omkeard hie foar beantsjes.
Mar doe hat de boer de skeppe omkeard en de feint is mei in sekfol beantsjes en in grouwe hoeke spek ôfset.

Onderwerp

AT 1572F* - Turning the Shovel Backwards    AT 1572F* - Turning the Shovel Backwards   

ATU 1572F*    ATU 1572F*   

Beschrijving

Een boerenknecht zit te mopperen als de boerin boontjes op tafel zet. Hij houdt de lepel omgekeerd in zijn hand en zegt 'Zit op, die mee wil'. Alleen de boontjes die op de lepel zullen blijven zitten, zal hij dus opeten maar de lepel blijft leeg. Jaren later - de knecht is inmiddels getrouwd en werkt niet meer bij de boer - is er bijna geen eten en de knecht vraagt zijn oude baas om voedsel. De boer heeft een zak met bonen in de schuur en stopt de schep er omgekeerd in en zegt 'Zit op, die mee wil'. De knecht herinnert zich zijn eigen ontevredenheid. De boer draait de schep echter weer om en schept zijn zak toch vol.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 115, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

10 oktober 1966
Turning the Shovel Backwards

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21