Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011508

Een sage (mondeling), maandag 10 oktober 1966

Hoofdtekst

Us heit en dy wienen oan 't wurk by in boer yn Eastemar. Sy slepten dêr ek. De boer sei, as se hwat seagen yn 'e nacht, dan moesten se net bang wurde.
Heit woe fan 'e boer wite hoe let dat wie en hwer't it gebeurde. De boer fortelde it him.
Doe tocht heit: "Ik wòl 't sjen." En hy frege de Heare of dy it him sjen litte woe.
Dy nachts stie heit foar 't glês. Doe seach er trije famkes. De halzen hienen se der alle trije útsnien.
Sy wienen yn 't wyt klaeid en sy dânsen om 'e pomp hinne bûtendoar.
De halzen wienen hielendal read, krekt as der bloed by del roan. Doe't heit it sjoen hie, bigearde er se net wer to sjen.
De oare deis is er nei hûs ta gien. Hy woe dêr net langer bliuwe.

Beschrijving

Een man staat 's nachts voor het raam en ziet drie meisjes om de pomp heen dansen. Ze zijn helemaal in het wit gekleed en bij alledrie is de hals eruitgesneden. Het bloed loopt langs de lichamen naar beneden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 115, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

10 oktober 1966

Naam Locatie in Tekst

Eastermar    Eastermar   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21