Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011702

Een sprookje (mondeling), maandag 10 oktober 1966

Hoofdtekst

Der wie no in freule, dy wenne yn in great slot. Sy wie o sa ryk. Der kommen alle wiken bidlers by har en dy krigen allegear altyd in dûbeltsje fan har. Hja liet har gedachten dêr sa us oer gean. En doe tocht se sa: "As dy bidlers oeral in dûbeltsje krije, dan helje se nochal hwat op. Dan fortsjinje se mear as myn persoaniel." Hja tochte: "Dat mat ik ris sjen oan 'e weet to kommen."
Dat op in kear helle se hiel âlde klean foar 't ljocht mei raffels der oan en gatten der yn en dy die se oan. Sy gong foar de spegel stean en makke har hier yn 'e tiis. Doe smiet se in âld omslachdoek om en sy die in pear âlde útwâlde skuon oan 'e fuotten.
Sa gong se stil ta it slot út, sûnder dat ien it fornaem. In suterige âld tas hie se by har.
It paed gong troch modderpuollen hinne, dat sy kom der raer út to sjen.
Earst gong se de iene kant fan it doarp lâns. Op guon plakken krige se in pear kâlde jirpels, op oare plakken in stik droech brea, soms in sint, dan wer in heale sint en it gebeurde ek wol dat se hielendal neat krige.
Alles dat se krige, die se yn 'e tas. Al skoaijendewei kaem se wer tichter by it slot, dêr't se wenne. Mar dêr gong se net hinne. Sy naem nou de oare kant fan it doarp.
Op it lêst kaem se by in arbeidershúske. It waerd al jounich en it bigong to skimerjen. Hja wie smoarch en wiet woarn fan 'e minne paden. Doe't se by 't arbeidershúske oankloppe sei it wyfke: "Wolle jo net even sitte?"
Dat sloech de freule net ôf. Sy kaem der yn en 't wyfke joech har in waerme stove. Doe't de man thúskaem, bleau hja dêr to kofjedrinken. It siet der och sa gesellich en hja krige krekt itselde to iten as hwat dy minsken sels ieten.
Doe sei de man sa: "Och, och, jo lykje suver wol hwat op 'e freule fan it slot."
Mar syn wyfke bigong to laitsjen en sei: "De freule fan it slot rint net to skoaijen."
Doe't it iten dien wie, sei de man: "Mat ik jo ek in eintsje fuortbringe?" Dat woe se wol graech, omdat it sa tsjuster wie.
Doe't er wer thúskom sei de arbeider tsjin syn wyfke: "Ik fortrou it net. Dat minske hie sa'n moaije stem. Soe 't wol in echte skoaister wêze?"
In wike letter krigen alle minsken fan it doarp in útnoeging fan 'e freule om by har op it slot to kommen. Doe't se kommen woarden se allegear nei de ytsael brocht. Dêr stie de tafel dutsen. Elk hie in board foar him en de freule hie it sa útsocht, dat elk datselde yn it board krige dat hja de foarige wyks fan dyselde krigen hie. De iene hie in pear kâlde jirpels yn 't board, de oare in stik droech brea en wer in oaren in tsiiskoarste en al sa mear. De beide arbeidersminsken wienen fierwei bêst út. Dy krigen elk in goed miel.
De feestlieder sei: "Jimme sille wol nuver opsjen, mar dit hat de freule ek by jimme krigen." En doe die er it hiele forhael. Doe krigen al dy minsken in kleur, sa skammen se har. Mar de arbeider en syn wyfke net.
Alles woarde oprûme en doe krigen se allegear hiel lekker itensspul en doe bigong it echte feest.
Mar de lju hienen in leske hawn. En dêr wie it de freule om bigong.

Onderwerp

VDK 0979* - De edelvrouw als bedelvrouw    VDK 0979* - De edelvrouw als bedelvrouw   

Beschrijving

Wekelijks krijgen bedelaars geld van een rijke vrouw. De gedachte dat bedelaars meer verdienen dan haar personeel test ze door zich verkleed als bedelares in het dorp langs de deuren te gaan. Ze merkt dat de gaven niet groot zijn en soms niets. Door een arbeidersvrouw wordt ze hartelijk ontvangen, krijgt koffie en eet mee. Later nodigt ze het hele dorp uit voor een feest. Als les krijgt iedereen eerst op een bord wat ze haar hebben gegeven.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 117, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

10 oktober 1966
De edelvrouw als bedelvrouw

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21