Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011901 - De wonderpot

Een mop (mondeling), zondag 23 oktober 1966

Hoofdtekst

It teltsje fan de wûnderpot.
Der wie ris in boer, dy hie in poep yn 't wurk, dy't foar him meande. De boerinne brocht yn 't skoft it iten yn 't lân. It wie in pot mei beantsjes en de poep seach mei forbaesde egen dat de ynhâld prottele. En dat, wylst dy pot net op it fjûr stie. "Hoe kin dat nou?" frege er de boerinne.
"Ja, man," sei se, "dat is in wûnderpot."
"Wolle jo dy pot forkeapje?" frege de poep.
"Wis wol", sei se. En sy neamde in priis, dy't net oan 'e lege kant wie.
De oare deis sei de poep tsjin syn maet: "Nou binne wy klear. Sjoch, ik ha beantsjes yn dizze pot dien, en dy wurde samar fansels gear. De pot hoeft net oer 't fjûr."
Dat wie in forduld moai spul, sei syn maet.
De hearen bigongen to meanen en nou en dan seach de iene poep us nei de pot mei beantsjes.
Mar dêr kom net folle foroaring yn.
Doe't it tiid wie fan iten die er it deksel der ôf, mar de ynhâld fan 'e pot wie noch krektlike rau en kâld as sa't it der yn kom wie.
Doe woarde de poep sa lulk dat hy skopte tsjin 'e pot oan. Dy rûgele yn 'e feart. En wylst dy pot ûnderdûkte yn 't wetter kommen der allegear bûlchjes nei boppe ta. Dat seach de poep en hy rôp: "Moest is kiken, Johan, nu wil die bliksemse pot wèl koken!"






Beschrijving

Tijdens de schaft bracht een boerin een pruttelende pot eten naar de mof, die op het land aan het werk was. De pot had niet op het vuur gestaan, en de mof wilde deze wonderpot wel kopen van de boerin. Maar de volgende dag waren de bonen nog rauw en koud, en boos schopte de mof de pot in het water. Bij het zinken kwamen er allemaal belletjes naar boven en de mof zei: "Nu wil de pot wel koken!"

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 119, verhaal 1

Commentaar

23 oktober 1966

Naam Overig in Tekst

Johan    Johan   

Poep    Poep   

Duitser    Duitser   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21