Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012207

Een sprookje (mondeling), woensdag 26 oktober 1966

Hoofdtekst

Der wienen in mantsje en in wyfke, dy wennen yn och sa'n âld hûske. Op in dei gong it mantsje to fiskjen. Doe fangde er in fisk. Mar doe't er de fisk fan 'e heak dwaen soe, bigoun dy fisk tsjin him to praten.
"Smyt my wer yn 't wetter," sei de fisk, "dan meije jo trije winsken dwaen."
Doe smiet it mantsje de fisk wer yn 't wetter.
It mantsje kaem thús en hy fortelde it wyfke fan syn fangst.
Doe sei it wyfke: "Mast gau nei de fisk ta gean. Wy wenje yn sa'n âld hûs, mast freegje om in nij hûs." Doe gong it mantsje nei de fisk ta. Hy sei:
Visje, visje in de vliet,
geef mij een nieuw huisje.
De fisk sei:
Ga maar heen, het staat er al.
Doe't it mantsje thús kaem, stie der in kreas nij hûske.
Mar it wyfke sei: "Nou binne der noch gjin meubels yn. Mast wer nei de fisk ta en freegje om myn meubels."
It mantsje gong der wer hinne en sei:
Visje visje in de vliet,
mijn vrouw wil zo graag nieuwe meubels hebben.
De fisk sei: "Ga maar heen. Die staan er al."
Doe gong de man nei syn wyfke ta. It nije hûs wie kreas mei meubels oanklaeid.
Mar hja sei: "Nou ha wy dit wol, mar nou matte wy ek noch in soad jild ha. Gean wer nei de fisk ta en freegje der om."
De man gong wer nei de fisk ta en sei:
Visje, visje in de vliet,
mijn vrouw wil veel geld hebben.
De fisk sei: "Ga maar heen. Het geld is der al."
Doe wienen de trije winsken dus sein woarn. Mar 't wyfke wie net tofreden. Sy sei tsjin 't mantsje: "Dû mast nei de fisk tagean en sizze, dat ik koaningin wêze wol."
It mantsje gong nei de fisk ta en sei:
Visje, visje in de vliet,
mijn vrouw zegt, dat ze koningin wil zijn.
Doe woardde de fisk lulk en sei: "Ga maar heen, ze zit weer in de oude krot."
Doe gong it mantsje nei syn wyfke ta.
Hja siet yn it âlde hûske yn in hoeke to gûlen.


Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555    ATU 0555   

Beschrijving

Een man ving eens een hele grote vis. Toen hij hem van de haak wilde halen, zei de vis dat als de man hem terug in het water zou gooien, hij drie wensen zou mogen doen. Dit deed de man, en hij vertelde het thuis aan zijn vrouw. Zij wenste een nieuw huis, nieuwe meubels en geld. Dit alles kregen ze. Maar daarna was de vrouw nog niet tevreden, ze wilde ook nog koningin worden. Toen werd de vis zo boos, dat hij haar het gegevene afpakte en haar weer haar oude krot teruggaf.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 122, verhaal 7

Commentaar

26 oktober 1966
The Fisher and his Wife [II]

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21