Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012210

Een sage (mondeling), woensdag 26 oktober 1966

Hoofdtekst

Der wennen hjir minsken, dy hienen in jonkje. Dat wie altyd nijsgjirrich. It gûlde oan ien stik wei troch en it groeide suver neat. Op in kear kom mem (Klare) by dy minsken to kaertlizzen. Dat wie fanwege dat jonkje. Doe sei mem: "Hjir is in forkeard frommes op 'e buert. Dat bern kin net groeije, omdat dat frommes him yn 'e macht hat.
It bern is troch har bitsjoend. Jimme matte 't wetter fan 't jonkje heine. Dêr matte jim allegear nuddels yn dwaen en dan it wetter mei dy nuddels siede. Mar tink der om, alle gatten yn 'e hûs matte ticht wêze, ek de kaeisgatten fan 'e bûtendoarren, èk de skoarstien.
Doe kom de tsjoenster der midden yn 'e nacht oan.
Sy koe 't by har thús net langer forneare, sa stutsen de nuddels har.
"Hoe is 't mei 't jonkje?" frege se.
Hja wie 't buorwiif.
Sy lieten har der yn, hja wie deaforlegen fan 'e gleone nuddels. Se hienen har der fansels noait ynlitte matten.
Doe sei se: "Yn dat kessen sit in krâns."
Doe dienen se 't kessen iepen en der kom in krâns út, dy wie omtrint heel. 't Wie in hoanne. Dit is echt gebeurd. 't Bern is wer better woarn.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een jongetje was betoverd en groeide niet. Een kaartlegster zei dat hij in de macht van een tovenaarster was. Ze moesten naalden in de urine van het kind doen, en dat koken. Ook moesten ze alle gaten in huis dichtmaken. Midden in de nacht kwam de buurvrouw vragen hoe het met het kind ging. Ze kon niet tegen de gloeiende naalden en vertelde dat er een krans in het kussen van het kind zat. Ze haalden de krans eruit; het was een haan. Hat kind is toen beter geworden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 122, verhaal 10

Commentaar

26 oktober 1966
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Klare    Klare   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21