Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012503

Een sage (mondeling), zondag 03 april 1966

Hoofdtekst

Thysom, dat wie ús heit syn omke. Dy hie in bern, dat rekke bitsjoend. Earst woe Thysom dat net leauwe, mar it kaem doch sa fier, hy rekke nei de duvelbander Wopke fan Kûkherne ta. 't Wie midden yn 'e winter en der lei in dikke laech iis. Dat omke gong der op redens hinne. Wopke joech him in drankje mei, mar sei: "Tink der om, ûnderweis komt der dy ien tsjin. Dy wol dat drankje forniele." Underweis doe't er al in hiel ein wie en omtrint yn 'e Harkema kom der in kat op him ta, dy't hyltyd by him opfleach. Mar omke kearde him. Dat hy kom mei 't drankje hiel thús. Wopke hie ek noch sein, der mochten gjin fremde egen oer it drankje gean.
Doe't er thús wie kom de oare moarns syn eigen mem, dy woe it drankje sjen. Mar Thysom sei: "Dû âlde duvel, dû hast myn bern bitsjoend", en hy hat syn eigen mem fuortjage.


Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

Een man ging naar de duivelbanner Wopke, omdat zijn kind betoverd was. Wopke gaf een drankje mee en waarschuwde de vader dat hij onderweg iemand zou tegenkomen die het drankje wilde vernielen. Inderdaad probeerde een kat hem aan te vliegen, maar de man weerde zich af. Wopke had ook gezegd dat er geen vreemde ogen naar het drankje mochten kijken. De volgende ochtend wilde de moeder van de man het drankje zien. De man beschuldigde toen zijn moeder ervan het kind te hebben betoverd en hij heeft haar weggejaagd.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 125, verhaal 3

Commentaar

3 april 1966
Het drankje van de duivelbanner

Naam Locatie in Tekst

Thys    Thys   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21