Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012905

Een sage (mondeling), maandag 14 november 1966

Hoofdtekst

Knjillis Veenstra wie in omke fan my. Dy moest alles sjen. Dat hied er ta straf krige. Hwant hy wie yn syn feintejierren och sa wilewalich en in forwoest man.
Hy hat njoggen bern forlern en dat hat er allegear foarsjoen. Seis wiken fan tofoaren hat er it wol foarsjoen. Dan wie hy der nachts ôf en harke der nei as dy en dy noch wol leefde. Fjouwer berntsjes hat er forlern oan 'e mûzels. Dat hat er ek foarsjoen. Doe't se fan 'e begraffenis fan 't iene berntsje weromkamen, wie 't oare dea.
Ek in kear doe seach er in bigraffenis by him út 'e hûs wei, doe tocht er net oars as dat wied er sels. Hwant doe wienen der gjin bern mear by him yn 'e hûs. Mar 't wie ien fan syn dochters. Dy wenne by 't spoar en rekke siik. Doe kom se by har âlden, dêr't se stoarn is.




Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Als straf voor zijn wispelturige en wilde jeugd, voorzag een man de dood van al zijn kinderen. Op een nacht had hij staan luisteren of al zijn kinderen nog wel leefden. Zes weken later stierven er vier aan de mazelen. Een andere keer zag de man in zijn eigen huis een begrafenis. Er waren geen kinderen meer in huis en hij dacht dat hij zelf dood zou gaan. Maar een van zijn uithuizige dochters werd ziek en kwam bij haar ouders in huis om daar te sterven.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 129, verhaal 5

Commentaar

14 november 1966
Andere Todesvorzeichen

Naam Overig in Tekst

Knjillis Veenstra    Knjillis Veenstra   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21