Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012906

Een sage (mondeling), maandag 14 november 1966

Hoofdtekst

Myn heit hat nou fjouwerensawntich jier wei west. Ik wie goed alwe jier doe't er stoar. Trije wiken foar syn dea sei Knjillis Veenstra tsjin ús mem: "Dû hâldst Fokke net lang mear." En doe wie heit doch noch sa soun as in fisk. Hy krige krampkolyk en hy wie sa soun en sa dea. It wie in keardel as in beam en izersterk. Hy wie noch gjin seisenfjirtich jier âld.
Doe't er stoarn wie, sei Knjillis-om: "Hwannear't er op 't hôf komt en it folk forieniget him by jimmes yn 'e keamer, dan giet der ien by de skoarstienmantel stean, dy hâldt him dêr sa lang oan fêst as dûmny oan 't wurd is."
Dat is krekt sa útkaem. Hy hie dat fan tofoaren sjoen.


Beschrijving

Een man voorspelde de dood van een gezond en ijzersterk familielid. Drie weken later stierf de man. Dezelfde persoon voorspelde toen dat als iedereen na de begrafenis bij elkaar zou komen, er iemand bij de schoorsteen zou gaan staan. En als de dominee aan het woord zou zijn, zou hij de schoorsteenmantel vasthouden. Dat kwam uit.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 129, verhaal 6

Commentaar

14 november 1966

Naam Overig in Tekst

Knjillis Veenstra    Knjillis Veenstra   

Fokke    Fokke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21