Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ013703

Een sage (mondeling), donderdag 27 oktober 1966

Hoofdtekst

Yn Easterwâlde wenne in faem, dy hie in feint, dat wie in hiele raren-ien. It wie de raerste fan hiel Easterwâlde.
De faem hie har mem biloofd, foar dat dy stoar, hja soe 't út meitsje mei dy feint, mar dat die se net. Hja gong geregeld nei him ta en dan gong 't op in sûpen en kaertspyljen en flokken en al hwat mar raer wie.
Op in kear kom se dêr wer wei yn 'e nacht. Doe stie der in frou op har to wachtsjen mei in wyt mûtske op. It wie har mem.
"Is mem dêr?" frege se. En sy soe op har mem ta rinne.
Mar doe wie se smiten woarn. Se kom sa raer tolânne, dat sy rekke bûten westen. De oare moarns hat har broer har ophelle. Sûnt hat hja noait wer by har feint west.


Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een meisje had op het sterfbed van haar moeder beloofd het uit te maken met haar vriend. Maar ze kwam haar belofte niet na. Op een keer kwam ze uit het huis van haar vriend toen ze opeens haar dode moeder zag staan met een wit mutsje op. Het meisje wilde naar haar toe rennen, maar werd zo hard weggeworpen dat ze bewusteloos neerviel.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 137, verhaal 3

Commentaar

27 oktober 1966
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Naam Locatie in Tekst

Easterwâlde    Easterwâlde   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21