Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014101

Een sage (mondeling), woensdag 30 november 1966

Hoofdtekst

Ik leefde mei ús mem yn 'e Surhuzumermieden. Elke wike gong ik in kear nei de grifformearde manljusforiening ta. Dan kom ik jouns sahwat om kertier foar tsienen thús. Mem hie dan de kofje ré. Op in kear - dat wie yn 1940 - sieten wy krekt oan 'e kofje, doe hearde ik klear in stem.
"Halt!" sei der ien. Ik dronk de kofje op en mem geat wer yn. In skoft letter hearde ik wer "Halt!". Noch us tsien minuten letter klonk der wer "Halt!" Dat wie de trêdde kear.
Ik sei tsjin mem: "Ik wol us bûten sjen. Der matte guon stean."
Mem sei: "Né, jonge, dû sjochst neat. Mar binnen it jier, of miskien ek wol binnen it healjier, dan is it hjir oarloch."
't Wie helder waer. Ik gong der út, mar der wie neat to sjen.
Ik sei sa: "It sille wol merakels wêze."
Mar trije wiken letter, doe wienen de Poepen hjir. Sy hienen de keukenwagen by har. Sy kommen fan Doezum ôf en roannen foar ús hûs lâns.
Ik stie foar hûs, ik woe wite of it ek neikom hwat wy heard hienen.
Flak foar ús glêzen sei de overste: "Halt!" Doe stie dêr in leger fan sa'n tritich minsken.
Ik frege de overste of der hwat defekt wie.
"Nein, nein," sei er, "alles gut."
Doe sei er: "Sind die Kühe von dir?" Hwant hy seach fé yn 't lân rinnen. "Ich will Milch kaufen," sei er.
Ik sei: "Nein, ich habe kein Milch."
Doe roannen dy tritich man fierder.
In twintich minuten letter kom der wer sa'n ploech oan. Dy bleauwen ek flak foar de glêzen stean. "Halt!" sei de kommendant.
Doe't dy foarby wienen, hâldde der in tsien minuten letter wer in leger. Dy soldaten wienen oer Peebos kom, oer de feart.
Doe't se oan ús ta wienen, sei de overste: "Halt!" Ik stie by 't hekje. De soldaten sieten op 'e hynders. Guon sieten to sliepen. De overste groete, ik groete ek. Mar hy sei neat. Trije minuten stienen se stil, doe gongen se wer fierder.


Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Een jongeman hoorde op een avond voor zijn huis drie maal 'halt' zeggen, maar er was niemand te zien. Zijn moeder voorspelde dat er binnen een half jaar oorlog uit zou breken. Drie weken later hielden er na elkaar drie Duitse troepen voor het huis halt.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 141, verhaal 1

Commentaar

30 november 1966
Vorbedeutung anderer Ereignisse.

Naam Overig in Tekst

Poepen    Poepen   

Duitsers    Duitsers   

Naam Locatie in Tekst

Surhuzumermieden    Surhuzumermieden   

moffen    moffen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21