Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014107

Een sage (mondeling), woensdag 30 november 1966

Hoofdtekst

Frou Korenga fan Oldekerk hie in nicht, dy har heit wie in forkearden-ien en in hiele raren. It wie in losbol en in sûper en hy siet soms heale dagen yn 'e kroech.
Op in joun gong dy nicht de Londense wei del om har heit op to heljen. Sy gong by frou Korenga oan. "k Ben ongerust over pappe," sei se, "hij komt maar nooit thuis." Sy frege of frou Korenga mei gong. Togearre gongen se de Londense wei del. Se seagen neat ûnderweis. De wei wie forlitten.
Sy gongen nei Kafé Londen ta, se tochten dat de man dêr wol sitte soe. En sa wie 't ek.
"Kom mee, pappe," sei de dochter, "moeke wacht."
Hy gong mei. Doe't se in eintsje de Londense wei út wienen, sei de man: "O, daar komt het aan!" Hy wie deabinaud. En even letter wie 't "O, daar gaat het weer heen!" Dat gong hyltyd mar troch. It binaude swit stie de man op 'e holle.
Mar de oare beiden seagen neat.
"Wij zien niks", sei de dochter.
Mar it wie bikend, dat der op 'e Londense wei in spoek tahâldde. Dat hie hy sjoen.


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Een man ziet op de weg een spook, maar zijn dochter en vrouw zien niets.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 141, verhaal 7

Commentaar

30 november 1966
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Kafé Londen    Kafé Londen   

Naam Locatie in Tekst

Korenga    Korenga   

Oldekerk    Oldekerk   

Oudenkerk    Oudenkerk   

Londense wei    Londense wei   

Londense weg    Londense weg   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21