Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014701

Een sprookje (mondeling), dinsdag 27 december 1966

Hoofdtekst

Der wienen us hiele rike minsken, dy hienen in dochter, dy wie siik. Hja moest de skonk der ôf ha. Doe soe se dan in kunstskonk dêr foar yn it plak ha en omdat dy minsken sa ryk wienen woarde dat in gouden skonk. Mar it fanke woarde wer siik en doe stoar se. Earst wisten de âlden net hoe't se mei de skonk soenen, mar doe bisluten se mar him yn 'e kiste to dwaen.
Dit bigreate de lytsfeint. Hy foun it to gek, sa'n kostbere gouden skonk samar yn 'e kiste to dwaen. Dat hy helle him der stikum út.
Sa woarde dat fanke sûnder gouden skonk bigroeven.
Op in joun sieten se allegear meiïnoar om 'e tafel hinne, de man, de frou, de greatfaem, de lytsfaem, de greatfeint en de lytsfeint. Doe hearden se ynienen in kleijerige stim, dy't sei: Mijn been! Mijn been! Mijn been! Mijn been! Mijn been!
It wie dúdlik it lûd fan it forstoarne fanke. Sy woarden der allegearre kjel fan.
De oare jouns kaem it fanke wer en de jouns dêroan ek. En hyltyd rôp se itselde.
Doe frege har heit: "Hwa hat dyn skonk?" Mar dêr joech se gjin antwurd op.
Doe praetten de âlders ôf: "As se nou wer komt, litte wy har dan ien foar ien freegje as ien fan uzes de skonk hat."
De oare jouns, dêr wie se wer. "Mijn been! Mijn been! Mijn been! Mijn been! Mijn Been!" rôp se.
Doe frege de heit: "Heb ik het?"
"Nee."
De mem frege: "Heb ik het?"
"Nee."
De greatfaem frege: "Heb ik het?"
"Nee."
De greatfeint frege: "Heb ik het?"
"Nee."
Doe frege de lytsfeint: "Heb ik het?"
Doe rôp se hiel lûd: "Jaa!" En sy pakte him.

Onderwerp

AT 0366 - The man from the gallows    AT 0366 - The man from the gallows   

ATU 0366    ATU 0366   

Beschrijving

Een meisje van rijke ouders krijgt als haar been afgezet moet worden, een kunstbeen van goud. Het meisje komt te overlijden en de ouders besluiten het meisje mét het gouden been te begraven. De jongste boerenknecht vindt dit erg zonde en haalt stiekem het gouden been uit het graf. Een poosje later worden ze tijdens het eten opgeschrikt door een stem die klaaglijk 'Mijn been! Mijn been!' roept. Iedereen begrijpt dat de geest van het overleden meisje ronddoolt. Dit herhaalt zicht een paar dagen en de vader besluit de stem te vragen wie van hen het gouden been dan wel heeft. De vader, moeder en knechten vragen omstebeurt 'Heb ik het?'. Als de jongste knecht aan de beurt is, roept het overleden meisje heel hard 'JA!!' en grijpt de jongen vast.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 147, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

27 december 1966
The Man from the Gallows

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21