Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014811

Een mop (mondeling), vrijdag 30 december 1966

Hoofdtekst

Der wenne in faem by in boer, dy hie noait forkearing. Op in kear sei se: "Nou wòl 'k snein in feint ha, al soe 't de duvel ek wêze mei de knolpoat." De sneins dêroan kaem der om acht ûre in mynhear oanstappen, dy woe wol by har opsitte. Mar de boer hie de knolpoat wol sjoen en rôp it fanke apart. Hy sei: "Nou hast dyn sin. Dyn frijer, dat is de duvel."
Doe waerd de faem ôfgryslike binaud. "O Heare, Heare," rôp se, hwat moat ik hjir oan dwaen!"
"Hjir hast in sek mei earten", sei de boer. "Smyt dy him foar en siz dat er dy joun skifte moat, de goede fan 'e forkearde. Dan hat er oanslach en kin er dy net binei komme."
De faem die it, mar yn in omsjoch wienen de earten skifte.
Doe krige se in sek mei beantsjes fan 'e boer en doe moest de duvel dêr oer gear, mar dy hied er ek samar skifte.
Doe joech de boer har in bakje mei diggelguod. "Smyt dat oer de flier," sei de boer, "en siz tsjin him: 'Meitsje dit wer hiel.'" Dat die de faem.
It skûdelguod foel yn wol tûzen diggels op 'e groun.
Mar doe't se tsjin him sei: "Meitsje dit wer hiel" forliet er syn plak en gong fuort. Dat koed er net.
Sy hat him noait wer sjoen. In rook fan swevel liet er nei. (Ik vermoed, dat dit verhaal anders moet zijn. Door toeleg van de boer - soms boerin - wordt de duivel gevraagd of de dienstmeid eerst drie karweien mag verrichten vóór hij officieel met haar in kennis komt. Met het derde karwei - het vatenwassen - komt ze echter niet klaar, daar ze alles laat stuk vallen. A.A.J.)

Onderwerp

AT 1476B - Girl Married to a Devil    AT 1476B - Girl Married to a Devil   

ATU 1476B    ATU 1476B   

Beschrijving

Een meisje dat bij de boer werkt is zó gefrustreerd dat ze geen man heeft, dat ze verklaart desnoods met 'de duivel met een knolvoet' te willen samenleven. Prompt verschijnt er een mannetje met een knolvoet en iedereen is doodsbang. De boer bedenkt dat het meisje de duivel moet bezighouden met karweitjes opdat de kennismaking met het meisje zo lang mogelijk uitgesteld wordt. Het meisje zet de duivel achtervolgens een grote bak erwten en bonen voor om te schiften. De duivel is hier zo duizelingwekkend snel mee klaar, dat ze een derde klus moeten verzinnen. Het meisje smijt voor de duivels neus een hoeveelheid aardewerk aan diggelen en vraagt hem dit weer heel te maken. De duivel kan dit niet en maakt zich ineens uit de voeten. Hij laat nevelwolk achter. (De verteller vermoedt dat dit verhaal oorspronkelijk anders is: het zou om karweitjes gaan die het meisje zelf moet verrichten).

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 148, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

30 december 1966
Girl Married to a Devil

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21