Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ015215

Een sage (mondeling), dinsdag 10 januari 1967

Hoofdtekst

Der wie in greate boerepleats, dêr wie 't net plús yn. It spoeke dêr. De boer prakkesearde der oer om der wei to wenjen. Hy sei tsjin syn arbeider: "Jonge, astû de boel hjir oplosse kinst, krijst in grou stik jild fan my.
De arbeider sei: "Ik sil 't bisykje." Hy gong nei de dûmny ta en frege of dy in nacht mei him weitsje woe yn in keamer fan 'e pleats, dêr't it spoeke. Dat woe de dûmny wol.
Op in joun gongen se togearre yn 'e spoekkeamer sitten. Doe't it tolve ûre sloech gong de doar iepen en dêr kamen sawn geesten yn. Ien swarten en seis reade. De swarte roan foarop.
De dûmny spruts dy geasten oan. Hy sei: "Hwat is jimme bigearte, dat jim hjir sa omspûkje? Doe wiisden se in plak oan ûnder 'e flier, dêr sieten twa kisten mei jild. Dy moesten dêr wei, earder koenen se net rêste.
Doe rekken de dûmny en de arbeider oan 't graven. Der kamen twa kisten mei jild foar 't ljocht. Sûnt wie 't mei 't spoekjen dien en de boer koe der wenjen bliuwe.

Onderwerp

SINSAG 0401 - Der verborgene Schatz.    SINSAG 0401 - Der verborgene Schatz.   

Beschrijving

In een boerenplaats is het niet pluis: het is een spookplaats. De boer looft een geldstuk uit voor zijn knecht als die het spoken kan laten ophouden. De knecht schakelt de dominee en samen stellen ze zich in de spookkamer op. Om klokke twaalf middernacht gaat de deur open en komen er zeven geesten - een zwarte voorop, en zes rode - binnen. De dominee vraagt de geesten wat hun onvervulde wens is. De geesten wijzen op een plek in de vloer en dragen op de twee kisten met geld die daar verborgen liggen, weg te halen. De mannen graven de schat op en de geesten vinden eindelijk hun rust. Toen was het afgelopen met de spokerij.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 152, verhaal 15 (archief MI)

Commentaar

10 januari 1967
Der verborgene Schatz

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21