Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ015301

Een sage (mondeling), zondag 15 januari 1967

Hoofdtekst

Tinalinge is in soarte fan gehucht yn Grinslân. It leit tichte by Mensingeweer. Dêr stie in boerepleats. Dêr tsjinne in sawntich jier lyn in faem, dy hie in wyld hier yn 'e nekke. Hja koe noait in fatsoenlike feint krije omdat se sa bluistrich wie en sa wyld en alles der mar útflapte hwat har foar de mûle kaem.
Op in kear doe wie 't kermis. Dêr woe se hinne.
De boer sei: "Dêr hoechste net hinne, fanke, hwant al hwerstû hinne gieste, it jowt dy neat."
"Ik gean doch hinne," sei se, "ik ha noait in feint. Mar joun komt der ien mei. As der gjin oaren mei komt, dan mei 't de duvel wêze."
Mar der frege har net ien op 'e kermis. Hja soe omtrint nei hûs ta, doe kaem der in bihyndich swart persoantsje by har. Dy frege of er mei har koe . Hja doarst net to sizzen fan né, mar sy hie yn 'e gaten, dat it gjin goed spul wie. Hwant hja hie sjoen, dat er ien rare foet hie.
De boer en de frou makken it jouns altyd let. Dy sieten noch by de tafel doe't se oan 'e plaets ta wienen.
De swarte sei tsjin 'e faem: "Nou dogge wy 't sa, ik gean by dy sitten, mar de reis, dêr mat ik hwat foar ha. Al hwatstû moarnier it earst opbynste, dat is foar my."
De faem sei tsjin him: "Wachtsje mar even. Ik sil even twa stuollen út 'e hûs helje." Hwant sy moesten yn 't bûthús sitte.
Doe sei de faem tsjin 'e boer: Dat en dat hat de feint tsjin my sein. Hwat mat ik nou dwaen?
De boer sei: "Fanke, dû matst noait wer spotte. It is in gelok datst my fregest om rie. Datselde hwatstû it earst opbynst sil foar de kweade wêze. Astû dus moarn de hoasbannen 't earst omdochst, dan bistû yn syn macht. Tink der om en doch dat net. Dû mast yn 'e nachtklean fan 't bêd gean en neat oanlûke. Sa giest nei de skuorre ta en makkest fan in bosk strie in grude en dêr bynst in bân om. Dêrnei kinst dy gerust oanklaeije, hwant dan komt der dy neat fan oer."
Dat hat dy faem doe dien. Nei kofjedrinken gong se noch us nei de skuorre ta om nei de grude strie to sjen. Doe wie dy al hielendal forhaksele.
(in âld frou út Grinslân hat my dit forhael ris forteld.)

Onderwerp

VDK 1191B* - Het eerste wat gebonden wordt    VDK 1191B* - Het eerste wat gebonden wordt   

Beschrijving

Een losbandig meisje dient bij een boer. Ze wil heel graag een man vinden, maar volgens de boer zal niemand haar willen hebben. Het meisje denkt dat ze op de kermis wel iemand kan oppikken, 'desnoods de duivel'. Dat had ze beter niet kunnen zeggen, want als ze - alleen uiteraard - op huis aan gaat, voegt zich al snel een klein, zwart mannetje met een slepende voet bij haar. De duivel spreekt met haar af dat hij bij haar wil zitten, maar dat hij in ruil daarvoor 'het eerste wat het meisje morgenochtend vastbindt' krijgt. Het meisje glipt even naar binnen om stoelen te halen en maakt van de gelegenheid gebruik de boer om hulp te vragen. De boer raadt het meisje aan zich morgenochtend niet aan te kleden, want als ze bijvoorbeeld haar kousenband zou vastmaken, zou ze al in zijn macht zijn. Ze moet in haar nachtpon naar de schuur gaan en daar een band om een baal stro binden. Daarna kan ze zich gerust aankleden, want alleen het eerste wat ze vastbindt is voor de duivel. Zo ontkomt het meisje aan de duivel.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 153, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

15 januari 1967
Het eerste wat gebonden wordt

Naam Overig in Tekst

Tinalinge    Tinalinge   

Naam Locatie in Tekst

Grinslân    Grinslân   

Mensingeweer    Mensingeweer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21