Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ015518

Een sage (mondeling), woensdag 01 maart 1967

Hoofdtekst

Doe't wy krekt troud wienen, wennen wy oan 't Wyldpaed by pake yn. Wy hienen al in pear bern. Alle moarnen kom stammerige Harm by ús lâns. Hy hie in sek by him, hwant hy roan to skoaijen. Elke kear bleau Harm by ús foar 't glês stean en dan frege er: "Hoe giet it mei de lytse jonge?" Ik sei altyd: "Goed." Mar sa faek as Harm dêr stien hie, bigong de jonge to moartsjen. Dan hied er fortriet. It bern woarde op 't lêst siik. Ik sei tsjin Klaes (myn man): "Hy bitsjoent ús jonge."
Klaes sei: "Dan smoar ik him." En doe bleau Klaes de oare moarns thús fan 't wurk.
Dêr kom Harm wer foar 't glês. "Hoe is 't mei de lytse jonge?" sei er. Mar doe sprong Klaes op him ta en sei: "Ik sil dy smoare, âld tsjoenster!" En hy wie 't ek fan doel. Mar Harm rôp: "Smoar my net! Smoar my net! Ik sil hjir noait wer komme!" Doe hat Klaes him gean litten.
Harm hat noait wer by ús west. Mar fan dy ûre ôf is de jonge better woarn.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een pasgetrouwd stel heeft al een aantal kinderen. Stammerige Harm komt altijd bij hen voor het raam staan en roept dan 'hoe gaat het met de kleine jongen?'. De jongen wordt plotseling vreselijk ziek en het echtpaar vermoedt dat dit het werk van tovenaar Harm is. Als de tovenaar de volgende dag weer voor het glas verschijnt, schreeuwt de vader hem woedend toe 'Ik zal je smoren!' en maakt aanstalten hem aan te vliegen. Harm schrikt en roept 'Smoor me niet! Smoor me niet! Ik zal nooit meer terugkomen!'. Harm maakt zich vlug uit de voeten en is inderdaad nooit meer teruggekomen. Het kind wordt prompt weer beter.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 155, verhaal 18 (archief MI)

Commentaar

1 maart 1967
Heks maakt mens (kind) ziek

Naam Overig in Tekst

Stammerige Harm    Stammerige Harm   

Harm    Harm   

Klaes    Klaes   

Naam Locatie in Tekst

Wyldpaed    Wyldpaed   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21