Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ015721

Een sage (mondeling), woensdag 25 januari 1967

Hoofdtekst

Sterke Hearke reizge us mei in ponge mei jild fan 't postkantoar fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie, seach er dêr in omkeard boatsje lizzen oan 'e kant fan 'e wei. Hy tocht: It is hjir iensum en it is aerdich tsjuster. 't Kin bêst wêze, dat der fremd folk is, dy't net folle goeds yn 't sin ha. As dy my aenst treffe wurdt it gefaerlik.
En doe gong er ûnder dat omkearde boatsje lizzen.
Doe't er dêr in skoftsje lein hie, hearde er twa persoanen oankommen. Dy hâlden stil by 't boatsje en gongen dêr op sitten.
De iene sei: "Hy mat aenst ek komme, 't is sahwat tiid." Hearke krige yn 'e gaten dat se it oer him hienen.
Doe't se in skoft sitten hienen, sei de iene: "Hy komt net. Wy gean mar wer fuort." Doe setten se de rjochting Hurdegaryp yn.
Hearke kom wer ûnder 'e boat wei en sette op Ljouwert ta.

Onderwerp

VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot    VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   

Beschrijving

Sterke Hearke is met een flinke hoeveelheid geld op weg naar Ljouwert, als hij ineens een omgekeerd bootje in de wei ziet liggen. Hearke vertrouwt het zaakje niet en gaat onder het bootje liggen. Al gauw gaan er twee mannen op het bootje zitten. Uit hun woorden maakt Hearke op dat ze hem opwachten om hem van zijn geld te beroven. De mannen geven het na een poosje op en lopen weg. Sterke Hearke kruipt onder het bootje vandaan en ontkomt deze keer aan zijn belagers zonder zijn onvoorstelbare kracht te gebruiken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 157, verhaal 21 (archief MI)

Commentaar

25 januari 1967
De man onder de omgekeerde boot

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Hearke    Hearke   

Naam Locatie in Tekst

Bûtenpost    Bûtenpost   

Ljouwert    Ljouwert   

Bonkefeart    Bonkefeart   

Hurdegaryp    Hurdegaryp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21