Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ016002

Een sage (mondeling), zaterdag 28 januari 1967

Hoofdtekst

Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde."
Mar de man sei: "'t Falt hwat ta."
Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove.
Sy hienen har forskûle ûnder 'e útein fan in brêge. Dêr sieten se op him to wachtsjen.
"Hjir mat er lâns komme", sei de iene tsjin 'e oare.
Doe kom de wein der oan. Mar it eigenaerdige wie, de man wie oars altyd allinne, mar nou siet er tusken twa yn. De rovers seagen dat. Sy tochten: "Hoe kin dat", en se bleauwen dêr't se wienen. Se doarsten net in oanfal to weagjen.
Letter hat ien fan 'e beide banditen him bikeard. Doe moest er him luchtsje. 't Geweten kroppe him. Hy gong nei de man ta, dy't doe yn 'e wein siet en sei tsjin him, sa en sa hienen se it mei him hawn. "Wy soenen jo formoardzje," sei er "mar God hat jou libben biwarre en Hy hat ús foar in moard biwarre. Jo sieten doe tusken twa yn."
Mar de man sei: "Dat hat skyn west. Ik bin dat paed noait mei twa oaren lâns kom. 'k Wie altyd allinne." (Dit woardde my forteld troch Roel van der Heide fan Blaufallaet)

Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Een man die wel heel nadrukkelijk geld vervoert, wordt gewaarschuwd voor een overval. De voerman trekt zich er niks van aan en gaat gewoon op pad. Twee bandieten wachten hem op in een schuilplaats onder de brug om hem van zijn geld én zijn leven te beroven. Als hij nadert, zien de schurken dat twee makkers de voerman vergezellen op de wagen. Ze zijn hier erg verbaasd over, omdat de man altijd alleen reist. Ze besluiten hun voorgenomen plan niet ten uitvoer te brengen en maken zich uit de voeten. Als een van de rovers zich later bekeert, knaagt zijn geweten aan hem. Als hij zijn verhaal opbiecht bij de voerman, verklaart deze nooit met twee anderen gereisd te hebben. Het zijn twee engelen geweest, die de voerman behoed hebben voor de misdaad.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 160, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

28 januari 1967
De engelenwacht

Naam Overig in Tekst

Roel van der Heide    Roel van der Heide   

Blaufallaet    Blaufallaet   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21