Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ016003

Een sage (mondeling), zaterdag 28 januari 1967

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy hie nei stêd ta west. Dêr hied er beesten forkocht. Hy hie gâns sinten bard en dy sinten hied er by him. Der wied er nou mei op stap nei hûs ta. Underweis hearde de boer guon oankommen. "Deksels," tocht er, "ik mei wol om in skûlplak sjen. Ik ha safolle jild by my, as se it dêr us op munte ha." Doe lei dêr in omkearde boat yn 'e berm en dêr gong de boer ûnder lizzen.
Deselden dy't er oankommen heard hie, wienen twa man. Dy gongen hiel tafallich krekt op 'e omkearde boat sitten dêr't hy ûnder lei. Dêrtroch koed er alles forstean hwat se seinen.
De iene sei: "Ik rêd wol mei him, ik ha 't mes skerp."
De oare sei: "As wy 't jild ha en hy is dea, dan smite wy him yn 'e feart. Dêr kraeit noait in hoanne wer nei." Doe hearde de boer dat it syn eigen arbeiders wienen dy't him formoardzje en bistelle woenen. Hy krige it binaud ûnder 'e boat.
Hja hienen dêr al even sitten, doe sei de iene: "Hy moest hjir ek al west ha. Hwat seiste, matte wy hjir noch even sitten bliuwe?"
"Dat is 't bêste," sei de oare, "hwant hy is hjir net foarbykom."
Op 't lêst woarde it sa let, dat it bigong al ljocht to wurden oan 'e loft. Doe sei de iene: "Wy matte fuort." Doe't se goed en wol fuort wienen, kom de boer ûnder 'e boat wei. Hy wie alhiel fan 'e wize.
Doe't er thúskom sei er tsjin 'e boerinne: "Lit my der yn! Lit my der yn!"
"Hwat sjochstû der út", sei se.
"Ja," sei er, "ik bin troch sleatten en alles hinne bruid. Myn beide arbeiders woenen my formoardzje." En doe die er 't hiele forhael.
De oare moarns kommen de arbeiders wer. Sy wienen hwat skrutener as oars.
"Hwat matte wy earst dwaen, boer?" fregen se.
"Dat sil ik jimme fortelle," wie 't antwurd. "Earst mat 'k wite, hoefolle sinten jim ha matte. Dy sil 'k jim jaen. Jim sieten justerjoun op 'e boat, ik siet der ûnder. Jimme woenen my formoardzje en bistelle. Sok folk kin ik hjir net brûke. Dat jim krije dien wurk."

Onderwerp

VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot    VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   

Beschrijving

Een boer is met veel geld op pad en vermoedt dat hij beroofd gaat worden. Hij verschuilt zich onder een omgekeerde boot en prompt nemen de overvallers een wachtende houding aan bovenop de boot. Uit het gesprek maakt de boer op dat het zijn eigen knechten zijn die hem willen beroven. Als de schurken het tegen het ochtendgloren eindelijk opgeven, rent de broer in paniek naar huis. De volgende morgen confronteert hij de knechten met het verhaal en ontslaat hij hen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 160, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

28 januari 1967
De man onder de omgekeerde boot

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21