Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ016005

Een sage (mondeling), zaterdag 28 januari 1967

Hoofdtekst

As ien min bihandele wurdt troch in oaren ien en hy komt to forstjerren dan moat dy oare de forstoarne wer sjen.
Nou krekt fiif en fyftich jier lyn wenne der yn Surhuzum in boerke. Hy wenne njonken in smidterij, in eintsje achterút. Hy wenne by syn mem yn. Dat minske wie widdou. 't Wie âlde Piere Mat en sy hie o sa min mei har man kind.
Yn Surhuzum seinen se: "Alde Piere Mat komt jouns, as de lampe op is, net bûten. Hwant dan mat se har man Pier sjen."
Ik wenne dêr as feint. Mar ik leaude dy praetsjes net.
Mat hie ek noch in dochter, dy wenne der ek noch by yn. Saterdeijouns gong se om boadskippen nei in omke fan har. Dan kom se thús om sahwat alve ûre hinne. Ik hie op in saterdeijoun it doarp yn west en kom ek om dy tiid hinne thús. 'T Wie helder ljochtmoannewaer, men koe alles bûten ûnderskiede. Doe't ik by it hûs kom stie der op sa 'n twintich meter fan it spultsje ôf in keardel. 't Wie in hiele greate man. Hy stie der mei de earm tsjin 't heablok oan. Ik woarde rare kjel en stie wol in fiif minuten lang nei him to sjen. Ik tocht my binaud. Ik doarst de reed net del, mar roan foar hûs lâns om der yn to kommen. Ik wie sa wyt om 'e holle as in doek. De âld frou sei tsjin my: "Hwat mankeart dy?"
"Ik ha in hiele greate man sjoen", sei 'k. "Dy line mei de earm tsjin 't heablok oan." Dan woarde it minske like wyt as in krante.
Ik tocht: "De minsken ha wol gelyk."
Ik hie tsien minuten yn 'e hûs west, doe kom de dochter der yn, dy't to boadskipjen west hie. Mei alle barstengeweld stoude se ta de keamer yn.
Har broer sei: "Hwat mankeart jimme beiden, healwizen?"
Hja sei: "Dû kinst wol hwat sizze, mar ús heit stiet by 't heablok."
Doe sei har broer: "Merakels allegearre. Giest mei?" sei er tsjin my, "dan sil ik der mei rêdde."
Hy joech my in stoarmlampe en nom sels in gripe. Wy gongen 't achterdeel del. Doe moesten wy troch in ûnder- en boppedoar. Hy die de boppedoar iepen. "Hwer moat it wêze?" frege er. Ik wiisde it oan.
Mar hy woarde bang. "Ik gean mar wer yn 'e hûs", sei er. Hy smiet de gripe der hinne. Hy doarst net nei bûten ta. Wy gongen wer nei de foarein ta binnentroch. Hy kom noait de reed foar wer del en ik likemin. Hwant ik wie ek bang.

Onderwerp

SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.    SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.   

Beschrijving

Een weduwe heeft haar overleden man tijdens zijn leven zo slecht behandeld, dat hij steeds terugkomt om te spoken. Het hele gezin is bang als de man met zijn arm op een hooibaal voor het huis staat.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 160, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

28 januari 1967
Toter kommt wieder, um sich zu rächen

Naam Overig in Tekst

Piere Mat    Piere Mat   

Pier    Pier   

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Mat    Mat   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21