Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ017311

Een mop (mondeling), zaterdag 30 juli 1966

Hoofdtekst

Japik Ingberts hâldde faek yn Drachten ta. Hy krige dêr in bytsje spul mei in rike feanbaes. Dy skreau er in brânbrief. De rike feanbaes moest him by dat en dat boskje by in greate stobbe tûzen goune bitelje, op dy en dy tiid, dan gong de brân oer.
Der gongen fjouwer man nei dat plak ta, dy soenen Japik Ingberts pakke.
It wie tolwe ûre yn 'e nacht, doe kom der in man yn in sjeas oan, dêr't in hynder foar spand wie. Hy wie klaeid as boer en stoppe, net sa fier fan 'e stobbe ôf. Hy aeike it hynder hwat en hâldde der in praetsje mei. Dat de fjouwer tochten: dyselde sille wy mar net molesteare. Lit him syn gong mar gean. Hy makke syn broeken los en moest in great boadskip dwaen, krekt by 't stobke. Doe't er klear wie, gong er fuort. De fjouwer man sieten de hiele nacht to wachtsjen. Op it lêst bisluten se mar nei hûs ta to gean.
Se soenen de sinten krije, mar dy wienen fuort.

Onderwerp

VDK 1525Z* 23 - De brandbrief    VDK 1525Z* 23 - De brandbrief   

Beschrijving

Japik Ingberts chanteert een rijke veenbaas: hij moet geld achterlaten om brand te voorkomen. Vier man waken in de buurt van het geld. Ze herkennen de rover niet als hij met een sjees komt, het paard aait en in de buurt gaat poepen. Ze blijven de hele nacht waken, maar merken vervolgens dat het geld al weg is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 173, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

30 juli 1966
De Japik Ingberts-cyclus: de brandbrief

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21