Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ018006

Een sage (mondeling), zondag 09 april 1967

Hoofdtekst

As Beint Dekker boadskippen dwaen moest gong ik wol faek mei him mei. Ik wie doe noch in fanke. Wy roannen oer de Sumarreheide. Dêr gong Beint by Abrahams Tryn oan, dy hie in winkeltsje. It wie by Beint en dy greate earmoede en hy frege Tryn of dy him noch wol in kear boargje woe. Dan soed er de saterdeis wol sjen as er hwat bitelje koe. Hy soe dan aenst op 'e weromreis de boadskippen oanhelje.
Doe roannen wy fierder nei Nyegea ta.
Doe't wy weromkommen wie 't al in ûre of acht, njoggen. 't Wie yn 'e tiid dat de Nyegeasterheide oanmakke is.
Beint helle de boadskippen oan by Abraham van der Leest en doe roannen wy fierder. Doe sei Beint: "Sjoch, dêr is noch ien! Hwa mei dat noch wêze!" Doe seagen wy dat it sweefde. It sweefde by de bosk lâns in stikje lân del. Beint wie bang.
Doe't ik thús kom sei 'k tsjin mem: "Wy ha hwat sjoen. It wie krekt as stapte der hwat út in boatsje nei de kant ta", sei 'k. "Dat bigong to sweven. 't Wie krekt in greate houn, dêr 't hwat boven op siet." Mem sei: "It hat hjir èk west. Ik ha krekt itselde sjoen." (Wy wennen doe oan 'e polderdyk ûnder Aldegea - nou Tike)



Onderwerp

SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

Als de vertelster samen met een vriend terugkomt van boodschappen doen, schrikken ze van een door de lucht zwevend ding. Het lijkt op een grote hond. Als de vertelter het later thuis vertelt, blijkt de moeder hetzelfde gezien te hebben. Het is een spookdier.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 180, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

9 april 1967
Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).

Naam Overig in Tekst

Beint Dekker    Beint Dekker   

Beint    Beint   

Abrahams Tryn    Abrahams Tryn   

Tryn    Tryn   

Abraham van der Leest    Abraham van der Leest   

Naam Locatie in Tekst

Sumarreheide    Sumarreheide   

Nyegea    Nyegea   

Nyegeasterheide    Nyegeasterheide   

Aldegea    Aldegea   

Tike    Tike   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21