Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ019304

Een sage (mondeling), zaterdag 03 juni 1967

Hoofdtekst

Myn man Ringer kom op 'e Jouwer by twa âlde minsken. It mantsje hie handel. Myn man kocht wol gauris hwat by him yn, dat er dan wer útsutele.
Hy fortelde us oan Ringer:
"Op in kear kom der in mynhear by my. Dy sei: - Jo koenen wol folle mear by de ein ha. Jo koenen de handel wol útwreidzje. - Ik sei: - Dêr haw ik gjin jild foar. -
- Kinst wol jild krije -, sei dy mynhear, - dan mast frijmitselder wurde. -
Mar ik hie 't der net op bigrepen.
Letter kom dy mynhear al us wer en al us wer en hy bigong der elke kear wer oer, ik soe myn saek greater meitsje.
Doe praette ik der mei myn frou oer. Yn 't earstoan like it ús net goed ta, mar op it lêst bitochten wy ús en doe sei 'k tsjin dy mynhear: - It mat, leau 'k mar wêze. -
Doe moest ik mei dy frijmitselder mei. Ik moest mei dy man yn in keamer. Dêr lei in bult jild. En dêr stie in deakiste njonken.
Doe sei dy mynhear: - Jo matte God forswarre en de duvel oanroppe. En dan matte jo even yn 'e deakiste. -
Ik sei: - Dat doch ik net. -
Ik bin der wer út kom, mar hoe, dat wyt ik sels net, mar 't wie op in rare menier.
Mar ik bin gjin frijmitselder woarn."



Onderwerp

TM 2900 - Vrijmetselaars    TM 2900 - Vrijmetselaars   

Beschrijving

Een handelaar wordt benaderd door een man die hem aanspoort zijn zaak uit te breiden. De handelaar zegt dat het geld hiertoe hem ontbreekt. De man raadt hem aan vrijmetselaar te worden: zij hebben immers nooit geldgebrek. De handelaar laat zich overhalen en gaat met de man mee. De man loodst hem naar een kamertje waar een buidel geld en een doodskist staan. De man zegt tegen de handelaar dat hij God moet afzweren, de duivel moet aanroepen en even in de kist moet gaan liggen. De handelaar weigert dit en besluit geen vrijmetselaar te worden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 193, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

3 juni 1967
Vrijmetselaars

Naam Overig in Tekst

Ringer    Ringer   

Jouwer    Jouwer   

God    God   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21