Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ020001

Een sage (mondeling), donderdag 22 juni 1967

Hoofdtekst

Doe't Jezus oan it krús hong, wie dêr tichte by in reaboarstje. Dat hie dêr syn nestje. En yn dat nestje hied er syn jongen.
Dat readboarstje seach, dat Jezus sa'n pine hie fan 'e doornenkroon, dy't er op 'e holle hie. Dêrom fleach hy der hinne, hwant hy woe Jezus forlichting bringe. Hy helle mei syn lyts snaveltsje de iene toarne nei de oare Jezus ta de holle út.
Yn dy doornenkroon siet it bloed fan Jezus. Dat bloed kom tsjin 'e fearkes fan 't fûgeltsje oan. Op it lêst wie syn boarstje alhielendal read.
Doe fleach er nei syn jonge fûgeltsjes ta.
Hy spraette syn wjukjes oer de lytse dierkes hinne en sa kommen se allegearre tsjin syn boarstje oan. Doe krigen dy lytse dierkes ek allegear in read plakje op 't boarstje.
Nei dy tiid hienen al dy fûgeltsjes in read boarstje en sy krigen dêrom ek de namme fan readboarstje.
Sa wie dit forhaeltsje by âlds. Letter ha 'k it wol us in bytsje oars heard:
Doe't it readboarstje de toarnen út Jezus syn holle helle hie, doe fleach er nei syn jongen ta en doe seach er dat syn boarstje read wie. 't Wie iepen gong troch de toarnen. Hy wie sels gewond rekke doe't er Jezus de toarnen út 'e holle lutsen hie.
Doe fleach er nei in beek ta en hy wosk him yn 't wetter. Mar hoe't er syn bêst ek die mei waskjen, hy koe it bloed der net ôf krije. Dat bleau der oan.
Nei dy tiid hied er in moai read boarstje. En ek alle oare readboarstjes hienen sûnt sa'n moai read boarstje. Dat kom omt dat iene in liefdedaad oan Jezus dien hie.

Onderwerp

SINUR 0092A - Rotkehlchen: rot vom Blute Christi    SINUR 0092A - Rotkehlchen: rot vom Blute Christi   

Beschrijving

Als Jezus aan het kruis hangt is er een roodborstje in de buurt, die ziet dat Jezus veel pijn heeft van zijn doornenkroon. Het vogeltje wil de pijn verlichten en pikt één voor één de doornen uit het hoofd van Jezus. In de doornenkroon zit het bloed van Jezus en dat komt op de veren van het roodborstje. Op het laatst is zijn borstje helemaal rood geworden. Het vogeltje vliegt naar zijn jonkies en laat hen zijn borst aanraken. Nu hebben ze allemaal een rood borstje. Voortaan hebben alle roodborstjes dat en zo komt het vogeltje ook aan zijn naam.
Er is ook een ander versie van dit verhaal. Het roodborstje raakt zelf gewond van de doornen en probeert het bloed af te wassen in een beek. Dat lukt niet, zijn borst blijft mooi rood als beloning voor de daad, die hij voor Jezus heeft verricht.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 200, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

22 juni 1967
Rotkehlchen: rot vom Blute Christi

Naam Overig in Tekst

Jezus [Jezus Christus]    Jezus [Jezus Christus]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21