Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021308

Een sage (mondeling), maandag 26 juni 1967

Hoofdtekst

To Nijebrêge wenne Hinke Kaert, dat wie in bikend wiersizter. Myn broer en ik en noch ien ha der us mei ús trijen hinne west.
Myn broer wenne yn Dútslân. Ik soe der ek hinne foar de simmermaenden.
Ik gong it earst nei Hinke ta fan 'e trije.
Hinke telde de kaerten.
"Jo ha der ek al jong by west", sei se.
"Hoesa?" frege ik.
"Jo ha al yn 't bûtenlân west." Fierder sei se, myn âlden leefden noch. Ik soe let trouwe. 'k Wie sear kieskeurich yn 'e froulju. Ik soe in arbeidersdochter ha, dy't nou boerefaem wie. It wie in goede faem. Mar wy soenen net lang by elkoar bliuwe. Wy soenen hielendal by inoar wei.
"Hoe lang dan?" frege ik.
"Sahwat seis à sawn jier", sei se. "En jim sille twa bern ha. Jo sille noch wol krapte meimeitsje. Mar jo krije in bêste âlde dei."
It is allegear wurd foar wurd krekt sa útkaem.
Nei sawn jier woarde myn frou kranksinnich en moast se nei in gesticht. En ik ha 't froeger tige krap hawn.
Doe kaem Jan oan 'e beurt, dy't by ús wie. Mar dy krige net folle goeds to hearren.
"Moat ik jo de warheit fortelle?" sei se. "Jo binne nochal driftich en jo kinne wolris lulk op my wurde." mar Jan woe 't witte.
Doe sei se: "Jo binne in echte stokelder. Jo dogge neat leaver as rúzje meitsje. Dêrby binne jo sa lui as in stok. En jo litte in oar de kastanjes út it fjûr helje. Jo tinke allinne mar oan josels. Jou frou kriget in swier lot by jo."
(Ek dit kloppe as in bus)


Beschrijving

Wat een waarzegster een man in zijn jonge jaren heeft voorspeld, is later allemaal uitgekomen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 213, verhaal 8

Commentaar

26 juni 1967

Naam Overig in Tekst

Hinke Kaert    Hinke Kaert   

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Dútslân    Dútslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21