Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021605

Een sage (mondeling), dinsdag 23 mei 1967

Hoofdtekst

As de tsjerne bitsjoend wie, moasten se nei Hinse Jehannes ta, dy wenne op it Swartfean. Dat wie in lompe keardel. Ik hie us in dikke kou, sa'n fyftich jier lyn. Dy wie siik en it bist waerd minder.
Doe gong ik nei Hinse ta. Ik hie hwat hier fan 'e kou by my.
"Hwat hiestou?" sei Hinse tsjin my. Hy hie sa'n foars lûd.
"Ik hie in sike kou."
"Hast hier by dy?"
"Ja."
Hy gong nei achteren ta. Dêr hat er hwat omhoud en slein. Doe sei er: "Hjir is in drankje. Dat kostet dy in goune. As de kou dat hawn hat, is er klear. As er net klear is, dan nimst de flesse mar wer mei en kostet it dy achttsjin stûren.
Mar de kou rekke wòl better mei it drankje.


Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

Een man gaf een ander eens een drankje mee voor diens zieke koe. De koe is er beter van geworden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 216, verhaal 5

Commentaar

23 mei 1967
Volksgeneeskunde

Naam Overig in Tekst

Hinse Jehannes    Hinse Jehannes   

Naam Locatie in Tekst

Swartfean    Swartfean   

Zwartveen    Zwartveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21