Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021702 - Zit op, die mee wil!

Een mop (mondeling), maandag 24 juli 1967

Hoofdtekst

Sit op, dy't mei wol!
Der wenne in feint by de boer. Dy hie 't dêr wakkere bêst, mar hy wie oan 'e tiere kant. Hy mocht lang alles net.
Op in kear ieten se lytse beanen (ek wol douwebeanen neamd). Hja ieten allegear meiïnoar út ien en deselde panne, mar de feint woe der gjin bek op sette. Hy hâldde de leppel omkeard en sei: "Sit op dy't mei wol."
It wie fansels mar in deainkelde kear dat der in beantsje by him troch 't kielsgat gong op dy manier. De boer seach it, mar hy sei neat.
It wie jierren letter.
De feint wie troud, hie in keppel bern en it wie allegear earmoed by harren thús. 't Wie yn 'e winter en hja hienen honger.
Doe gong de feint nei de boer ta.
"Boer," sei er, "soe 'k hwat beanen fan jo ha meije?"
"Kom mar mei nei de skuorre", sei de boer.
De beanen wienen krekt tursken en leinen op 'e telle. Doe naem de boer in skeppe, mar hâldde de bolle kant boven. Sa skepte er de beantsjes op. En hy sei: "Sit op, dy't mei wol." En wylst seach er de feint oan. Dy hie de les bigrepen, en de triennen kommen him yn 'e egen.
Mar doe kearde de boer de skeppe om en de man krige in moai soad beantsjes mei nei hûs ta.


Onderwerp

AT 1572F* - Turning the Shovel Backwards    AT 1572F* - Turning the Shovel Backwards   

ATU 1572F*    ATU 1572F*   

Beschrijving

Een boerenknecht wilde beslist niet met de anderen uit dezelfde pan eten, maar durfde dit niet te zeggen. Daarom deed hij zijn lepel ondersteboven in de pan, en zei bij het eruithalen tegen de boontjes: "Zit op, die mee wil." Op deze manier kreeg de knecht nooit veel eten binnen, maar de boer zei niets.
Toen de knecht jaren later veel kinderen had, en weinig eten, vroeg hij de boer om wat bonen. In de schuur nam de boer een schep, maar hij hield de bolle kant boven. Zo schepte hij en zei: "Zit op, die mee wil." De knecht begreep de les en de tranen kwamen in zijn ogen. Maar toen keerde de boer de schep om, en de knecht kreeg een aardige hoeveelheid boontjes.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 0217, verhaal 2

Commentaar

24 juli 1967
Turning the Shovel Backwards

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21