Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ022804

Een sage (mondeling), maandag 10 juli 1967

Hoofdtekst

Kobus Freeling wenne yn Haulerwyk. Op in kear kom er oansketten thús. Doetse en Frederik soenen him bang meitsje. Kobus hie syn wiif Bart by him. Hy moest oer in planke. It wie altyd in toer dêr oer to kommen, as men net to stevich op 'e skonken stie. En dat hie der dit kear wol oan. Hy die in koart gebedtsje en sei: "Och lieve Heer, laat mij der toch over." Doe naem er in oanloopke en sa kaem er mei 't wiif feilich oan 'e oare kant.
Doetse en Frederik wienen yn 'e gloppe stien gien, dêr't Kobus en Bart lâns moasten. Beide hienen se in wyt lekken om en de iene stie boppe op 'e oare.
Doe't Kobus se seach, sei er tsjin 't minske: "Zeg, Bart, hè je de duivel wel eens zien?"
Hja woarde bang. Mar Kobus sei: "Ach, wees maar niet bang. 't Zijn twee engelen. En die hebben de duivel in hun macht, want die zit er boven op, kiek maar eens."
Doe't de beiden yn 't lekken dat hearden waerden se sa bang, dat sy setten ôf, sa hurd se koenen.
"Zie je wel," sei Kobus, "se gaan al op de loop."


Onderwerp

VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop    VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   

ATU 1676    ATU 1676   

sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"    sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"   

Beschrijving

Twee mannen wilden een echtpaar eens aan het schrikken maken, en gingen met een wit laken over hen heen op elkaar staan. Toen het echtpaar ze zag stelde de man zijn vrouw gerust dat het twee engelen waren, en dat ze de duivel in hun macht hadden, omdat die erbovenop zat. Hiervan schrokken de twee grappenmakers zo dat ze hard wegrenden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 228, verhaal 4

Commentaar

10 juli 1967
Spookspelen: twee witten met een zwarte erop

Naam Overig in Tekst

Kobus Freeling    Kobus Freeling   

Doetse    Doetse   

Frederik    Frederik   

Bart    Bart   

Naam Locatie in Tekst

Haulerwyk    Haulerwyk   

Haulerwijk    Haulerwijk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21