Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ023602

Een sage (mondeling), zondag 23 juli 1967

Hoofdtekst

In neef fan my en syn faem en ik mei myn feint ha ris mei ús fjouweren nei de wiersizter ta west. Dy wenne to Ljouwert, achter oan 'e Nijstêd.
Wy hienen bisluten it minske to grazen to nimmen. Myn neef gong njonken my sitten en myn feint by de faem fan myn neef.
Mar it earste dat it minske sei, wie: "Jimme hearre sa net to sitten. Jo hearre dêr by en jo hearre dêr by", sei se tsjin 'e manlju.
Ik hie yn dy tiid krekt in fyts krigen. Sy sei tsjin my: "Jo slepe in ding wei binnen de fjirtsjin dagen. Dat blinkt as sulver en 't is roun." Ik tocht: "O heden, dat is myn sulveren doekspjelde", en ik taestte der al nei, mar sy skodde mei de holle.
Nei in dei of hwat sleepte ik yn 'e heide by Haulerwyk yn 't fjild myn hânpomp wei. Mar ik krige him wer. Dat hie se dus goed sjoen.
Ik soe trije bern krije. Dat is ek neikaem.
Myn man en ik soenen goed ús brea ha, mar wy moasten der in bulte swier wurk foar dwaen. Ek dàt wie wier. En myn man, sei se, gong mei in bult skerp om. Dat is ek útkaem: dat wienen de skeppe en de furke.


Beschrijving

Twee stelletjes gingen eens naar een waarzegster. Deze had meteen door dat de jongens elk bij het meisje van de ander waren gaan zitten. Ze voorspelde een van de meisjes dat ze binnen twee weken iets blinkends en ronds zou kwijtraken. Na een dag of wat was ze inderdaad haar handpomp kwijt. Ze zou drie kinderen krijgen. Ze zou met haar man goed haar brood verdienen, maar ze zouden er wel hard voor moeten werken. En haar man zou met scherpe dingen gaan werken. Dat is allemaal uitgekomen. Haar man is met de schep en de vork gaan werken.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 236, verhaal 2

Commentaar

23 juli 1967

Naam Locatie in Tekst

Nijstêd    Nijstêd   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21