Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ023610

Een sage (mondeling), zondag 23 juli 1967

Hoofdtekst

Us heit en dy syn âlden wennen yn 'e Haulerwyk. Nou heart dat by Waskemeer.
Doe't ús heit in jonkje wie, hat er bitsjoend west. Beppe hie in buorwiif yn 'e rekken, hwant dy gong der foar, dat se wol omgong hie mei de kweade.
In tsjoenster mat ienkear yn 'e sawn jier ien deatsjoene foar satan.
Mar beppe woe earst wissichheit ha foardat se it buorwiif biskuldigje doarst.
Op in nacht gong beppe út bêd en doe slûpte se stil nei 't hûs fan 't buorwiif ta. Sy seach dêr troch 't gerdyn. It âld wiif siet by de tafel. Sy stuts mei spjelden yn in popke om. En dêr preuvele se hyltyd mar by. Doe wist beppe genôch.
Doe gong se hinne en noadige it minske by har út to thédrinken. Mar beppe hie de bile achter de doar set. Doe't it buorwiif goed en wol by de tafel siet, sei beppe: "Nou moatstû my de lytse jonge better meitsje, oars slach ik dy de harsens yn."
Doe hat it minske ús heit út 'e widze krige en trije kear oer de kop teard. En doe hat se him oer de holle strutsen.
Doe sei se tsjin beppe: "Nou Aeltsje, nou is dyn jonge better, en as er net better is, dan gean ik moarn dea."
Beppe sei: "Dat is dy ek geraden, hwant oars sjit Goaitsen dy dea."
Doe is 't minske achter ta de doar útgong. En doe gong se nei 't skjippehok ta. Doe hat se hwat ta de bûse úthelle en dêr hat se it skiep fan rûke litten. Twa ûren letter wie 't skiep dea.
Mar ús heit wie wer better.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een vrouw dacht dat haar zoon betoverd was door de buurvrouw. Op een avond gluurde ze bij haar naar binnen, en zag ze haar spelden in een pop steken. Toen wist ze het zeker. De volgende dag heeft ze de buurvrouw gedreigd haar met een bijl de hersens in te slaan, als ze haar zoon niet beter zou maken. Dat heeft de tovenaarster toen gedaan. Daarna heeft ze het schaap aan iets laten ruiken, en dat schaap is een paar uur later doodgegaan. Maar de jongen is weer beter geworden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 236, verhaal 10

Commentaar

23 juli 1967
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Aeltsje    Aeltsje   

Goaitsen    Goaitsen   

Naam Locatie in Tekst

Haulerwyk    Haulerwyk   

Waskemeer    Waskemeer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21