Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ024809

Een sage (mondeling), zondag 10 september 1967

Hoofdtekst

Ik wie noch frijgesel en sahwat in twintich jier âld. Reid Keuning wenne yn Koatstertille. Dy wie wol in fyftich jier âld, tink. Mar ik wie wol gau us mei him op en út. Hy wie frijgesel en fytsmakker.
Wy hienen us togearre op 'e fyts nei Hurdegaryp ta west om to skutjassen. Hy woan hwat, mar ik neat. Op 'e weromreis sei er: "Ik ha noch wol sin oan in stikje iten, dû ek?"
Ik sei: "Jonge-ja." Doe rekken wy by him yn 'e hûs. De kachel wie lekker waerm.
Wy krigen elk in pear slokjes en in brogge mei in sûre hearring. Reid sei: "Jehannes, hastû wol us sjoen, dat der soldaetsjes ta de hurddobbe út komme?"
Ik sei: "Noch noait."
Hy sei: "Wolst dat wol us sjen?"
Ik sei: "Jawol."
"Dan mast dêr stil sitten gean", sei er. Ik gong oan 'e kant tsjin 'e muorre oan sitten. Reid gong oer de flier sitten oan 'e oare kant tsjin 'e muorre oan.
"Nou goed oppasse," sei er, "en net laitsje."
Hy kommandearde en dêr kommen de soldaetsjes twa by twa út 'e hurddobbe ûnder 'e kachel wei. Se hienen in blauwe unifoarm oan en droegen de gewearen oer 't skouder.
Reid sei: "Met vieren!" En doe roannen dy soldaetsjes mei har fjouweren. Hy liet se oan him takomme. Doe sei er: "Rechtsomkeerd!" En dêr sjouden se wer hinne mei har fjouweren moai op 'e kachel oan.
Doe sei Reid: "Met tweeën!" En dêr fordwynden se twa by twa ûnder 'e kachel.



Onderwerp

SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.    SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.   

Beschrijving

Een jongeman ging eens met Reid Keuning op stap. Toen ze terugkwamen vroeg Reid of hij nog even wat kwam eten en drinken. Binnen liet Reid soldaatjes uit de haardkuil komen, die twee aan twee marcheerden. Ze droegen blauwe uniformen en hadden een geweer over hun schouder. Ook liet hij ze weer in de kachel verdwijnen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 248, verhaal 9

Commentaar

10 september 1967
Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.

Naam Overig in Tekst

Reid Keuning    Reid Keuning   

Naam Locatie in Tekst

Koatstertille    Koatstertille   

Hurdegaryp    Hurdegaryp   

Hardegarijp    Hardegarijp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21