Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ024902

Een sage (mondeling), zondag 17 september 1967

Hoofdtekst

Op in kear wie ús heit to jounpraten nei Wipk-moai en Sibrich-moai. Dy wennen oan 'e betonwei, njonken dokter. Heit hie Knjillis-om ek meinom.
Doe't it let woarde, sei heit: "Wy matte ek mar us wer nei hûs ta." Doe't heit en Knjillis-om op 'e betonwei stienen, seagen se allebeide de kant nei 't kleaster út.
"Hwat komt dêr oan?" sei de iene tsjin 'e oare.
Sy seagen twa gleone keardels, dy sieten elk op in fyts. 't Wie krekt fjûr. Knjillis-om woarde binaud en sette gau op hûs yn, mar heit moest de kant nei 't kleaster op. Hy moest dy gleone keardels dus tomjitte.
Doe't er omtrint oan har ta wie, gong er yn 'e barm.
De mannen wienen gleon en de fytsen ek. 't Wie yn 'e buert fan 'e grouwe beam dêr't er se passearde.


Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Twee mannen zagen laat op een avond twee gloeiende mannen op fietsen. Het was net alsof ze in brand stonden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 249, verhaal 2

Commentaar

17 september 1967
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Overig in Tekst

Wipk    Wipk   

Sibrich    Sibrich   

Knjillis    Knjillis   

Naam Locatie in Tekst

betonwei    betonwei   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21