Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ025204

Een sage (mondeling), maandag 07 augustus 1967

Hoofdtekst

Us heit tsjinne by de boer. Dat wie Hindrik Berga to Koudenburg by de Haule. De boer hie twa hynders, in swart en in brún. It swarte hynder waerd siik.
Foar dat sike hynder moast heit nei it Swartfean ta. Dêr wenne Hinse Jehannes de Boer. Dat wie in duvelbander, mar ek in hiel bikwame féarts. Heit hie hwat hier út 'e manen fan 't sike hynder meinaem, mar tagelyk ek hwat fan 't soune hynder. Dêr woed er Hinse mei forrifelje.
Doe't Hinse it hier bisjoen hie, gong er nei achteren ta. Even letter kaem er werom mei in drankje en mei in pûdtsje mei guod.
"Sjoch," sei er, "dat drankje is foar it swarte hynder. En dat pûdtsje mei guod is foar it brune. As er dat op hat, moatte jim him der mar mear fan jaen, hwant dat is goed spul."
It drankje koste ien goune, it pûdtsje trije gounen.
Doe't heit ûnderweis yn 't pûdtsje seach, siet der oars neat yn as hwat hjouwer en in mennich beanen.






Beschrijving

Een boer had twee paarden, een bruine en een zwarte. Het zwarte paard werd ziek, en de knecht moest met wat uit de manen van het zieke dier naar Hinse Jehannes de Boer, een veearts en duivelbanner. De knecht besloot ook wat van het gezonde dier mee te nemen, en ruilde het om. Hinse gaf de knecht een drankje van een gulden mee voor het zwarte paard en een zakje van drie gulden voor het bruine paard. In het zakje zat alleen wat haver en wat bonen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 252, verhaal 4

Commentaar

7 augustus 1967

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21